Miep Diekmann priis 2016

De Miep Diekmann priis foar jeugdliterêr ûndersyk wurdt om it jier útrikt oan de auteur(s) fan de bêste Nederlâns- of Ingelstalige masterthesis op it mêd fan de stúdzje fan de berne- en jeugdliteratuer. Underwerpen kinne likegoed literatuerteoretysk as -histoarysk fan aard wêze. Undersyk eksplisyt nei lêsfeardigens, funksjes fan lêzen, lêsgewoantes of lêze yn relaasje ta audio-fisuele en/of digitale media komt net yn oanmerking foar dizze priis.

De Miep Diekmann priis foar jeugdliterêr ûndersyk bedraacht 750 euro. Njonken it takennen fan de priis, binne twa earfolle fermeldings mooglik. Stribbe wurdt nei it publisearjen fan in artikel n.o.f. de bekroane thesis yn de publikaasjerige oer de stúdzje fan de berne- en jeugdliteratuer: Literatuur zonder leeftijd.

Lees meer: Miep Diekmann priis 2016

Het meisje met de rode paraplu

en andere verhalen bij kunst in Leeuwarden

Op 1 oktober 2015 ferskynt by Aed Levwerd in (foar)lêsboek mei nije, stoere, spannende. grappige ferhalen oer bysûndere bylden yn Ljouwert lykas de iisbear, de pakjesboat fan Sinteklaas, de izerman en de bok mei it gouden aai.
It is in boek foar bern fan 8 jier ôf mei 21 spiksplinternije ferhalen en 21 prachtige yllustraasjes fan Roelof van der Schans.
De skriuwers binne:

  • Lida Dijkstra
  • Harm de Jonge
  • Marian de Smet
  • Edward van de Vendel
  • Mindert Wijnstra

It boek ferskynt by gelegenheid fan it 15-jierrich jubileum fan de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd en wurdt yn opdracht fan de feriening útjûn troch Wijdemeer.
Priis: € 19,50

Lees meer: Het meisje met de rode paraplu

Fryske Berneboeketiid 11 - 30 septimber

By de start fan de Fryske Berneboeketiid wurdt it Aksjeboek foar de Jeugd Dy iene foto oanbean oan ien fan de skriuw(st)ers, Rixt Weiland.
Dat bart op freed 11 septimber op it Frysk Boekefeest Swalk yn Grand Café De Koperen Tún yn de Prinsetún te Ljouwert.
Elk is fan 20.00 oere ôf fan herte wolkom. De tagong is fergees. By moai waar geane de doarren nei it terras iepen.

Tusken 11 en 20 septimber swalket it Frysk Festival Swalk troch Fryslân.
Op freed 18 septimber komt Swalk yn Teater ‘De Vier Pelikanen’, op de Twibaksmerk 48 yn Ljouwert. Presintaasje en muzyk troch Wiebe Kaspers. Fierder in optreden fan teaterdame Dette Glashouwer en in petear mei de spesjale gasten Caja Cazemier en Rixt Weiland, beide skriuwsters fan ferhalen út it Aksjeboek foar de jeugd, Dy iene foto.
Yntree € 7,50.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de Fryske Berneboeketiid by it menu Berneboeketiid.

Utslach Junior Rely-priisfraach 2015

Neffens de sjuery fan de Junior Rely 2015 komme der dit jier fjouwer fersen en fjouwer ferhalen yn oanmerking foar in Junior Rely-priis. De sjuery moast sawat 75 ynstjoeringen beoardielje.

Priiswinners
De Junior Rely-priiswinners binne dit jier yn de kategory poëzij:

  • Tjerk Jan Atsma út Eastermar: in 1e priis foar it fers: ‘Gatsjepanne'
  • Corrien Tolsma út Eksmoarre: in 2e priis foar it fers: ‘Sinne, see en sân’
  • Froukje Mensonides út Skettens: in 3e priis foar it fers: 'Tûzen gljinsterende triennen'
  • Jasper Avontuur út Winsum: in oanfiterpriis foar it fers: ‘Bikkel'

en yn de kategory proaza:

  • Doenja Payer út Drachten: in 1e priis foar it ferhaal: 'Ôfskied'
  • Grady Slagman út Skettens: in 2e priis foar it ferhaal: 'Stedsjes op besite'
  • Jeljer Westra út Lollum: in oanfiterpriis foar it ferhaal: ‘Kontakt’
  • Abe Sligting út Makkum: in oanfiterpriis foar it ferhaal: ‘Gedochjes fan de mier en de oplossing fan de mol'.

    Lees meer: Utslach Junior Rely-priisfraach 2015

Aksjeboek yn 2015 foar de jeugd

Dy iene foto

It Aksjeboek 2015 is in ûnderdiel fan SWALK op toernee (Frysk literêr en kultureel festival tusken 11 en 20 septimber).
Dit jier is keazen foar nije ferhalen foar de jeugd fan 12-16 jier.
Der is in ferhaal fan Auck Peanstra oer in muzykfestival, mar ek ien fan Rixt Weiland oer in spesjale ynwijing yn de leafde. De freondinne fan Jesse yn it ferhaal mei deselde namme fan Ate Grypstra sjocht werom op it ferskriklike rotjier, neidat hy foar de safolste kear oerboard sprong. It titelferhaal fan Jelle Bangma giet oer Gert, dy’t fan syn pake it fotografearjen leart en mear fêstleit as wat de bedoeling is. Fierder binne der in pear werkenbere ferhalen oer de wrâld fan hjoeddeiske jongeren, fan Caja Cazemier, Freddie Scheltema, Hilda Talsma en Ans Wallinga. Yn De Bildtske Robinson Crusoë krûpt Hein Jaap Hilarides yn de hûd fan Jan Cornelisz Femmes, dy’t yn 1610 foar in weddenskip in jier op it Waad sit. Rjochtdei fan Gerrit Hoekstra giet oer bisten dy’t de minsken foar it gerjocht bringe.

It Aksjeboek is fan 11 oant en mei 30 septimber foar € 4,95 te keap yn de boekhannel. Dêrnei kostet it € 12,50.
Op fertoan fan Dy iene foto, kin op snein 20 septimber fergees reizge wurde mei de bussen en treinen fan Arriva en Qbuzz yn Fryslân en mei de treinen ek yn Grinslân. Sjoch foar mear ynformaasje op www.swalk.nl.

Boeken foar yn de fakânsjekoffer

Miskien binne jim in skoft ûnderweis nei it fakânsje-adres. Dan is it hearlik om yn de auto nei in ferhaal te harkjen of sels in boek te lêzen.
Mar net allinne ûnderweis. Ek yn it húske, de caravan of de tinte hast tiid om in boek te pakken. Of gewoan thús, yn 'e hûs of yn it tún. Lekker lêze.
Witst al watst meinimst yn de fakânsjekoffer? Sjoch oars hjirûnder (by: Lees meer) foar boeketips foar lyts en grut . Der sitte ek in pear prachtige oanbiedings by.

Wolst noch mear tips? Sjoch dan by it menu Fryske berneboeken.

Lees meer: Boeken foar yn de fakânsjekoffer

Utstalling Diet Huber yn Tresoar

Yn Tresoar te Ljouwert, yn de trijehoek', is de lytse útstalling oer Berendina Huber, better bekend as Diet Huber, noch oan 28 augustus ta te besjen.

De útstalling is ynrjochte nei oanlieding fan de literêre neilittenskip fan de skriuwster en yllustratrise. Dy is oardene, beskreaun en publisearre yn it boek dat op 30 april 2015 presintearre is: Diet Huber auteur en illustrator troch Jant van der Weg en Barteld de Vries. 
Diet Huber komt ek foar yn de útstalling omtrint it gastekleed fan Wil en Fedde Schurer-de Vries op it plein fan de stúdzjeseal yn Tresoar.