Over grote beren en knuffels

Op woansdei 9 desimber hat auteur Xavière Kolk it earste eksimplaar fan it printeboek ´Over grote beren en knuffels´ oerlange oan Sietske Poepjes, deputearre foar taal en kultuer fan de provinsje Fryslân.

It printeboek is bedoeld foar âlders én bern. Om in petear oan te gean oer grutte minsken en de grinzen fan bern. Xavière Kolk skreau dit boekje tegearre mei har soantsje Daniël fan 8 jier. Nei’t Daniël twa jier lyn sa flink wie om syn geheim te fertellen woe er meihelpe om oare bern te beskermjen tsjin grutte bearen.
It boekje is skreaun fanút de belibbing fan lytse bear; in jonkje dat graach wol dat syn âlders grutsk op him binne. Op in dei freget de grutte bear út syn strjitte oft hy der efkes yn komt. Lytse bear wol net bretaal wêze. Dus hy giet mei yn ’e hûs.
As lytse bear letter bûten komt is er net mear bliid. En ynienen pisset er nachts op bêd wer yn ’e broek. Ek hat er nachtmerjes en is er samar lilk op mem.

Lees meer: Over grote beren en knuffels

Sprokys yn it Biltsk

Nei in Fryske oersetting is sûnt 18 novimber ek in fertaling yn de Biltske taal beskikber fan fyftjin mearkes fan Grimm.
De útjefte fan Taalburo Popkema is presintearre yn de bibleteek fan Sint Anne. Sytse Buwalda hat de ferhalen fan de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm oerset. Peter Boersma en Hilda Groenesteyn soargen foar de yllustraasjes yn kleur. Yn 2012 kaam in Fryske oersetting út. Der binne ek plannen foar Grimm yn it Hylpers, Stellingwers, Stedsfrysk en Skylgers.

Jou in bern in boek yn Ferwerderadiel

Alle mear as hûndert learlingen út groep 8 fan de Ferwerderadielster basisskoallen ha op tongersdei 29 oktober yn Burdaard in Frysk boek krigen. Se kamen byelkoar yn MFC Het Spectrum en krigen in bon dêr’t se in boek foar útsykje koene by it kreamke fan de Afûk.
Fierder fertelde byldzjend keunstner Hans Jouta fan Ferwert oer syn wurk.

Ferwerderadiel besiket mei de jierlikse aksje Jou in bern in boek, bern yn ‘e kunde te bringen mei it skreaune Frysk. Yn desimber krije de learlingen fan groep 2 ek in boek.

Trije Sinten

De hjerstfakânsje is foarby. De tiid fan de gesellige winterfeesten stiet wer foar de doar.
Yn berne-opfang en op skoallen wurde meikoarten wer bysûndere lampions ynelkoar nifele foar Sint Marten. Mar wa is Sint Marten eins en wa is Sinteklaas of Sint Piter?
Pak dêr it boek Trije Sinten mar by fan Mindert Wijnstra. Kinne jim de bern útlizze wêrom

  • rinne we op 11 novimber mei in lampion? 
  • rydt Sinteklaas op syn skimmel oer de dakken?
  • komt Sint Piter allinne yn Grou?

Yn dit boek is it antwurd op dizze en noch folle mear fragen oer Sint Marten, Sinteklaas en Sint Piter te finen. Mar dat net allinne. De skriuwer hat oer elke Sint in ferhaal skreaun. Yn dy ferhalen wurdt de relaasje lein tusken de hillige en Fryslân. En it is ek in reis troch de tiid, want de ferhalen spylje yn de fjirde, de fyftjinde én yn de ienentweintichste ieu.

It boek is útjûn troch Bornmeer en It Fryske Berneboek.

 

In nije heit op list fan White Ravens 2015

Op de Frankfurter Buchmesse wurdt op 15 oktober o.s. de White Raven katalogus presintearre fan de Internationale Jugendbibliothek yn München. Dit jier steane yn de katalogus twahûndert oanbefellings van berne- en jeugdboeken ferskynd yn 36 talen en 55 lannen.
It nijste boek fan Thys Wadman, In nije heit, is ien fan de selektearre boeken.
De boeken binne allegear opnaam yn in reizgjende tentoanstelling.
De 200 annotaasjes fan de White Ravens binne te finen op de website: www.ijb.de / http://bit.ly/whiteravens2015

Berneboekedei Terherne 2015

De Berneboekedei yn Terherne is fan 't jier op snein 18 oktober. Dêr is fan alles te dwaan en te belibjen, sjoch mar nei it hiele program.
It tema is: Raar, mar wier!
Tagong fergees!

Program
Kameleon Boatestasjon: Spektakulêre iepening (om 12.58 oere)
Mei hege besite út de romte. Dizze mysteryguest sil tegearre mei Tryater-acteur Arnold Dykstra de prizen útrikke fan de boekekisttentoanstelling. Mei muzikale begelieding fan fleurige muzyk fan Jeugdkorps De Boarnster Blazers.

Lees meer: Berneboekedei Terherne 2015

Harrekrammele yn it Frysk Museum

Machiel Braaksma hat it perfekte berneboek makke, fol mei âlde rommel

It is in berneboek foar folwoeksenen wurden en ferskynde yn in oplage fan 100 eksimplaren. Elk boek is in keunstwurk op himsels. De boeken binne ynbûn yn read reptilelear mei kapkes fan goudsatyn en letters fan blêdgoud.
Se kostje € 230,-.
Sa’n djoer boek is net bedoeld foar in breed publyk. Mar yn it Frysk museum te Ljouwert is fan sneon 26 septimber ôf in útstalling oer alles wat mei Harrekrammele te krijen hat, te sjen. Dêr binne de orizjinele makettes  en modellen foar, en de útfergrutte prints fan de foto’s út it boek, útstald.
It boek sels leit der ek: in eksimplaar mei strúsfûgellear en fearren fan in poelepetaat.
De iepening fan de tentoanstelling is op 17 oktober.

Lees meer: Harrekrammele yn it Frysk Museum