Mûske fan Martena nei de Pankoekdei yn Koarnjum

Mûske fan Martena rûkt wat…
Se stekt har spitse noaske yn ’e loft.
Wêr komt dy hearlike rook wei?
En wat soe it wêze?
Mûske fan Martena draaft hookstrooks
oer it paad har noaske efternei, springt
yn ´e kastanjebolster en dobbert de grêft
oer. Is it koeke wat se rûkt?

Sa begjint it boekje oer it mûske dat op freed 18 maart oanbean is troch yllustrator Ronald de Haan oan de bern út groep 3 fan de gearwurkingsskoalle Britsum, Jelsum, Koarnjum.
De tekst is fan Joke Scheffer. De skriuwster lit it mûske net allinne op de rook fan de pankoeken ôfgean mar fertelt tagelyk oer de stinzefloara dêr’t mûske by lâns komt yn it park by Martenastate: winterakonyt, holwoartel, giele anemoanen, longkrûd...

Lees meer: Mûske fan Martena nei de Pankoekdei yn Koarnjum

Selfie fan Caja Cazemier is nominearre foar de Priis fan de Jonge Sjuery

#Selfie fan hitskriuwster Caja Cazemier út Ljouwert is alwer in super realistysk boek oer in aktueel ûnderwerp dat in hiel oare kant fan Social Media sjen lit… Yn 2008 wûn se de Priis fan de 'Jonge Jury' en se waard ek noch ris trije kear nominearre. Soe it fan’t jier wer raak wêze?

Oer it boek:
Mirte is fjirtjin jier en fynt dat har âlders har behannelje as in lyts bern. Se is gek op Social Media, ek al sjit har skoalwurk der sa wol by yn. Mirtes resultaten wurde hieltyd minder en dêrom pakke har âlders har geregeld de laptop en de telefoan ôf. Mar dat hâldt har net tsjin…

Lees meer: Selfie fan Caja Cazemier is nominearre foar de Priis fan de Jonge Sjuery

Nasjonale Pankoekdei yn Koarnjum

Wa hat no gjin sin oan in pankoek?
De bern fan groep 3 fan de gearwurkingsskoalle Britsum, Koarnjum, Jelsum yn elk gefal wol.
Dêrom geane se op de Nasjonale Pankoekdei op freed 18 maart nei de Túnmanswente yn Koarnjum.
En se nimme pake en beppe mei.
De bern meie sels ek oan it bakken en dêr kinne pake en beppe dan moai by helpe.
Mar foar’t it safier is, dogge se earst in speurtocht troch it Koarnjumer Bosk, op syk nei it Mûske fan Martena. Dat mûske mei ek graach pankoeken en as de bern de opdrachten fan har útfiere komme se fansels by in lekkere pankoek telâne.

Gesellich meielkoar ite. En as de bern wer nei hûs ta geane?
Dan krije se allegear it boekje oer it Mûske fan Martena, skreaun troch Joke Scheffer, mei nei hûs ta.

Auck Peanstra

Altyd warber foar It Fryske Berneboek. Dat wie Auck Peanstra, skriuwster fan berneboeken, romans en oar wurk. Sy ferstoar op moandei 29 febrewaris.
Auck skreau net allinne ferhalen foar lyts en grut, toanielstikken, lietteksten en gedichten, se hold ek lêzings, brocht besites oan skoallen, skreau foar it Tomke projekt, wurke mei oan de Fryske taalmetoade Studio F en gean sa mar troch.
Sûnt 1993 kaam alle jierren wol in (berne)boek fan har út. Har debút wie Melle moat in bril ha. Mar wat ha in protte bern ek genoaten fan Fertelle fan Jelle, Keutels by de kofje, Alles foar in sint, Grapkemakkers, De boel op stelten, om mar in pear te neamen.

Lees meer: Auck Peanstra

Printeboek foar de Sint Pitertiid

Sint Piter yn Grou
Op 13 febrewaris is in nij printeboek foar de Sint Pitertiid presintearre by útjouwerij Louise yn Grou. Hendrika Vis-de Ruiter skreau in nij dieltsje yn de Siem en Sanne rige: Siem en Sanne sjogge Sint Piter. De yllustraasjes binne fan Bernard Roorda. In prachtich kadootsje foar pakjes jûn. Sjoch foar mear ynformaasje by it menu Fryske berneboeken en by www.siemensanne.nl.

Simke Kloostermanpriis 2016

Sûnt 1983 wurdt troch it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn 'e trije jier de Simke Kloosterman Priis  takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn 'e trije foarôfgeande jierren. Dit jier is it wer safier. De priisútrikking is op freed 20 maaie 2016 om 15:00 oere yn 'e Petrustsjerke yn Twizel.

Om it oansjen te ferheegjen en it belang te ûnderstreekjen fan kwalitatyf  goede berne- en jeugdliteratuer hat it Simke Kloostermanlien it prizebedrach opnij ferhege en fêststeld op
€ 5000.
It bestjoer fan it Lien is dwaande om it reglemint foar de priis oan te passen en te ferbreedzjen. Sa kin de priis ek takend wurde oan in boekesearje of it oeuvre fan in skriuwer. In oare wichtige oanpassing is, dat by printeboeken/stripboeken de priis takend wurdt oan skriuwer en yllustrator beide.
Dêrneist wurket it Lien oan kwaliteitsferbettering yn de organisaasje fan de wichtichste priis foar Frysktalige berne- en jeugdliteratuer.

Lees meer: Simke Kloostermanpriis 2016

Boek en brochje yn De Túnmanswente

Lekker meielkoar in broadsje ite en wylst harkje nei in ferhaal. Dat diene de beukers fan de gearwurkingsskoalle Jelsum, Britsum, Koarnjum op woansdei 4 febrewaris yn De Túnmanswente te Koarnjum.
De broadsjes fan bakkerij Nico en Aeltsje de Groot smakken mar bêst en doe’t Aeltsje ek noch kaam om it ferhaal út it boekje, Wy ha der in geitsje by te fertellen, wie it hielendal gesellich.
Nei it boek en it brochje koene de bern sels nei oanlieding fan it ferhaal oan ’e slach. Wollige geitsjes en skiepkes meitsje, barchjes plakke, beammen fersiere, tekenje mar ek bouwe mei grutte houten en kleurde blokken. In pleats of in geitehok bygelyks. En bûten stiene trije moaie geitsjes dy’t wol graach efkes oandacht ha woene. Om bar gong in groepke bern nei de bisten ta om se te aaien en ek om noch efkes nei dat moaie kastieltsje Martenastate te kuierjen.

Lees meer: Boek en brochje yn De Túnmanswente