Dichter, nij tydskrift foar bern

DICHTER is in nij tydskrift foar bern fan 6 oant 106. It wurdt útjûn yn in skrift fan hast 100 siden en ferskynt fjouwer kear yn ’t jier. Yn elk nûmer fan DICHTER steane mear as 75 gedichten fan mear as 25 bernedichters. Stik foar stik spesjaal skreaun foar DICHTER.
It earste nûmer giet oer Pakes en beppes – foar altyd jong, it tema fan de Berneboekewike/Berneboeketiid en ferskynt op 5 oktober.

Abonnee wurde kin no al. Sjoch op www.plint.nl/dichter. By abonnees leit it earste nûmer al op 1 oktober yn de brievebus.

Wenje yn in skilderij/Wonen in een schilderij

Foar it earst yn de skiednis hat it Frysk Museum in berneboek útbrocht.
Op tongersdeitemoarn 1 septimber is yn Dronryp Wenje yn in skilderij/Wonen in een schilderij presintearre oer it wurk fan Lourens Alma Tadema, ien fan de wichtichste Fryske skilders. It Frysk Museum yn Ljouwert hat berneboekeskriuwster Lida Dykstra ree fûn om de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern. Fan 1 oktober ôf begjint in grutte tentoanstelling oer Alma Tadema yn it Frysk Museum. Lida Dykstra hat besocht om Lourens Alma Tadema tichterby te bringen foar de jeugd. Troch de eagen fan Laurence, de âldste dochter fan Alma-Tadema, komme jonge lêzers yn ’e kunde mei de ferneamde skilder. Se ûnderfine hoe ’t it is om yn sa’n kreative húshâlding grut te wurden, meitsje de eksploazje fan it hûs fan de Tadema’s mei en dwale om yn it atelier. Op dy wize komme de skilderijen ta libben. Ek it plakboek fan Laurence is ûnderdiel fan it boek, mei plaatsjes, reproduksjes fan it wurk fan har heit, sketskes en foto’s.
It boek is geskikt foar bern fan 8 jier ôf. It is yn it Frysk en yn it Nederlânsk útjûn troch Wijdemeer, Ljouwert.
De earste eksimplaren fan de útjefte waarden útdield oan learlingen fan de Sint-Radbodusskoalle yn Dronryp, om’t Alma Tadema dêr sa’n twahûndert jier lyn berne is. 

Lees meer: Wenje yn in skilderij/Wonen in een schilderij

Utslach Junior Rely-priisfraach 2016

Neffens de sjuery fan de Junior Rely 2016 komme der dit jier trije gedichten en ien ferhaal yn de beneaming foar in Junior Rely-priis.

Priiswinners:
De Junior Rely-priiswinners yn de kategoary poëzij:

  • In gedicht oer in tún, fan Tjitske van der Meer, Mantgum. Earste priis.
  • Grutte mem, fan Bo de Haan, Kollumersweach. Twadde priis.
  • Maitiid, fan Laura Mulder, Sigerswâld. Tredde priis.

en yn de kategoary proaza:

  • De wat nuvere tsjoendersfluit, van Beitske Nieboer, Snits. Earste prijs.

De sjuery
De sjuery bestiet út Erica Bergema, Thys Wadman en jeugdsjuerylid Anneke van der Werf.
It totale bedrach oan prizejild dat ûnder de winners fan de Junior Rely ferdield wurdt is € 500,00.
De priisútrikking is op sneon 1 oktober o.s.

Rôversguod

Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer dy mei op reis by fertriet en ûnferwachte freonskip lâns. De fassinearjende yllu-kollaazjes fan Vera Damhuis meitsje Rôversguod op wûnderlike wize kompleet.
Foarmjouwing: Sanne Hiddema

Rôversguod is in boek foar bern fan de middenbou fan de basisskoallen (7 - 10 jier).
Om sels te lêzen en om foar te lêzen. De Fryske taal wurdt op in ienfâldige en oantreklike wize oanbean oan bern en harren âlden. It boek is rynsk yllustrearre mei prachtige en nijsgjirrige tekeningen.

Oer it boek
Kakarafrrr, Kakarafrrr...
Mei it swit op ‘e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn ‘e djipswarte leechte om in werkenningspunt.

Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op ‘t hiem prate kin. De stammerjende (in ferfelend kwaaltsje wêr’t er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stikem efternei de bosk yn.

Lees meer: Rôversguod

Swalk

ek mei programs oer berneliteratuer

Hâlde jo fan in gesellige Frysk kulturele middei mei muzyk (fan de band Wiebe) en hat benammen berneliteratuer jo ynteresse? Dan hat Swalk yn septimber in tal moaie ôfwikseljende programs foar jo yn petto.
Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske (berne)literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, presintearre troch Wybo Smids, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke.

Programs mei de berneboekeskriuwers Yke Reeder, Joke Scheffer, Ate Grijpstra en Janneke de Boer binne yn Gytsjerk, Dokkum, Mantgum en Feanwâlden.
Foar programynformaasje, sjoch hjirûnder by 'Lees meer'. Foar de oare programs, sjoch op swalk.nl.

Lees meer: Swalk

Yn de fakânsjekoffer

It is hast wer simmerfakânsje. Koffers pakke en op reis. Wat is it dan fijn om ûnderweis yn auto, trein, bus of fleanmasine nei in ferhaal te harkjen of sels in boek te lêzen.
Mar net allinne ûnderweis. Ek yn it húske, de caravan of de tinte is in boek ûnmisber.
Bliuwe jim thús? Yn 'e hûs of yn it tún is it ek hearlik om te lêzen.
Wat nimme jim mei yn de fakânsjekoffer?
Hjirûnder in pear tips foar jonge en âldere bern en jeugd.
Wolst noch mear tips? Sjoch dan by it menu Fryske berneboeken. Foar harkboeken, sjoch www.audiofrysk.nl.

Lees meer: Yn de fakânsjekoffer

De geast fan Spultsjelittens

De premiêre hat al west. Mar de spilers fan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum bringe harren foarstelling, De geast fan Spultsjelittens ek noch op 18, 19, 22, 24 en 25 juny oer't fuotljocht.
It Berne Iepenloftspul hat in nije lokaasje, njonken it doarpshûs fan Easterwierrum. En dat plak liend him tige foar krekt dizze foarstelling.
It stik, tekst en muzyk fan Peter Sijbenga, spilet him ôf op in braaklizzend stik lân. De grûn wie bedoeld foar nijbou, mar troch de krisis is der neat fan bouwen kaam. En no is Spultsjelittens, sa soe de nije wyk komme te hjitten, in prachtich boartersplak foar de bern. Dat wolle se graach sa hâlde. Mar der rinne ek minsken om mei oare plannen!

Lees meer: De geast fan Spultsjelittens