Traveliers Boekepakket foar basisskoalle De Opdracht

Start Berneboekesjuery 2012 yn Oerterp

Boekepakket
Learlingen út groep 8 fan basisskoalle De Opdracht yn Oerterp ha in gratis Traveliersboekepakket yn 'e klasse oanbean krigen. Dy skoalle hie him as earste oanmelden om mei te dwaan oan de Berneboekesjuery 2012. Learlingen út de heechste groepen fan de basisskoallen yn Fryslân sille tusken febrewaris en maaie de fiif dielen fan de Traveliersrige beoardielje en it moaiste boek oanwize.

Lees meer: Traveliers Boekepakket foar basisskoalle De Opdracht

Fryske gedichten troch jongeren yn stedsbussen fan Ljouwert

Nasjonale Gedichtedei

Op 26 jannewaris, op de Nasjonale Gedichtedei, ha de finalisten fan Ferstival Fryske gedichten foardroegen yn de Ljouwerter stedsbussen. Dizze aktiviteit is in gearwurkingsprojekt fan de Provinsje Fryslân, Connexxion en Tresoar. By it dichtersbrochje yn stedsskouboarch De Harmonie biet Jorn van der Schaar it spits ôf mei it gedicht fan Jelle Bangma, Wat mei dyn wente wêze. Tusken 11.00 en 12.30 oere kamen njonken Jorn ek Ilja Dijk, Johan Horjus, Femke Kaatee, Merel van Wijk, Marie Etta Fopma, Jente van der Hem, Carmen Venema, Anna-Siet Algra en Doutsen Dotinga yn aksje.

Lees meer: Fryske gedichten troch jongeren yn stedsbussen fan Ljouwert