Berneboeketiid

Berneboeketiid 2012

De Berneboeketiid is yn 2012 fan 14 septimber oant en mei 14 oktober, tagelyk mei de Moanne fan it Fryske boek.
Yn dy perioade falt ek de Kinderboekenweek (3 oant en mei 13 oktober).
It tema fan de Berneboeketiid en de Kinderboekenweek is: Hoi Wrâld / Hallo Wereld. Foar de Berneboeketiid is wer in Aksjeboek foar bern útjûn dat fan 14 septimber ôf yn de boekhannel foar in lyts pryske te keap is by oanskaf fan in Frysk berneboek.
Skoallen en berne-opfang kinne in spesjaal skriuwersprogram oanfreegje foar yn de klasse/groep. Foar mear ynformaasje: sjoch by Lees meer

Lida Dykstra hat it Aksjeboek foar bern skreaun nei oanlieding fan it tema.
Natascha Stenvert makke de yllustraasjes.

 

 

 

Lees meer: Berneboeketiid

Hallo Wereld

Promo Hallo Wereld - Kinderen voor Kinderen 33
Kinderen voor kinderen sjongt Hallo Wereld

Troch it harkjen nei dit sprankeljende ferske kin noch in skoftke neigeniete wurde fan it tema fan de Berneboeketiid/Kinderboekenweek:
Hoi Wrâld/Hallo Wereld.

Klik mar op You Tube en it bernekoar lit yn in moaie show it liet hearre.

IBBY kongres 2012 yn Londen

Oer de grinzen hinne

Wie it tema fan it 33ste IBBY-kongres.
Jant van der Weg wie derby.
Hjirûnder har ferslach.

Fan 23 oant en mei 26 augustus hold IBBY (International Board on Books for Young people) syn twajierlikse kongres, diskear yn Londen. De Fryske berneliteratuer is fia de Nederlânske IBBY-seksje dêr ek yn fertsjintwurdige.
Sa’n 500 minsken út alle hoeken fan de wrâld wiene yn it Imperial College oanwêzich.

Lees meer: IBBY kongres 2012 yn Londen

Fedde Schurer Publykspriis

Op 12 oktober wurdt de Fedde Schurer Publykspriis útrikt oan de skriuwer/ster fan in Frysk literêr debút.
In priis dy't ien kear yn de trije jier takend wurdt.
Diskear is der ek in prachtich berne/jeugdboek nominearre. It giet om
De oerwinnings fan Tido Houtsma skreaun troch Thys Wadman
Fine jo dat ek sa'n bysûnder en moai boek? Bring dan jo stim út op www.fedde2012.nl.

Kinderboekenweekfeest

Bisto ek sa nijsgjirrich en wolst it leafst alles witte oer fiere lannen, ferskate kultueren en de wrâld om dy hinne? Kom dan op woansdei 10 oktober om 13.30 oere nei it 'Kinderboekenweekfeest'! yn de Harmonie. Yntree fergees!
Yn gearwurking organisearje ferskate kulturele ynstellings út Ljouwert aktiviteiten yn it tema fan de Berneboeketiid/Kinderboekenweek
Hoi Wrâld/Hallo Wereld
.
Oer it yn 'e kunde kommen mei oare kultueren yn en troch ferhalen.
Organisaasje: Harmonie, Natuermuseum Fryslân, Biblioteek, Princessehof, Omrop Fryslân, Tryater, Tresoar en Afûk

Lees meer: Kinderboekenweekfeest

Berneboekedei Terherne

Berneboekedei Terherne 2012: Hallo Wereld/Hoi Wrâld!
Fan 13.00 oant 17.00 oere. Tagong fergees

Mei boeken ûntdekst de wrâld om dy hinne. Op snein 7 oktober kinst yn Terherne yn 'e kunde komme mei oare kultueren en de wrâld om dy hinne. Teater, knutselje, foarlêze en in hiel soad boeken, alles om it tema fan de berneboekewike “Hallo wereld” hinne.
Yn doarpshûs “De Buorkerij” binne foarstellings fan teater Oplawiebus en meispylteater Bolleboos.
Riemkje Pitstra fynt in rare jas mei in hiel soad bûsen, wa sit dêryn ferstoppe? Soe Tomke ek der ek by wêze? Mei yllustratrise Yke Reeder en skriuwster Auck Peanstra kinst wat moais meitsje nei oanlieding fan in ferhaal fan de skriuwster.

Lees meer: Berneboekedei Terherne

Auteur fan de moanne

Skriuwster Lida Dijkstra is

Auteur fan de moanne septimber

Sjoch yn septimber mar ris op www.leesplein.nl.
Dat is de website fan de Stifting Bibliotheek.nl (de iepenbiere bibleteken yn Nederlân).
Fan 1 septimber ôf stiet der in interview mei Lida op dy side oer it mei inVlag en Wimpel bekroande boek Verhalen voor de vossenbroertjes
Der is in sinjeard eksimplaar fan it boek te winnen.

Lees meer: Auteur fan de moanne