Frysk paviljoen op Kinderboekenmarkt Den Haag

 

 

 

 

 

 

Op de Kinderboekenmarkt yn Den Haag wie op orizjinele wize omtinken jûn oan it tema fan de Kinderboekenweek
Hallo Wereld.
In ferskaat oan talen yn berneboeken stie yn de acht paviljoens sintraal. Ek it Frysk.
Op 14 oktober tusken 11.00 en 17.00 oere koene bern meidwaan oan workshops, sinjearren skriuw(st)ers, wie in skilderijetentoanstelling fan learlingen fan 18 basisskoallen, waard foarlêzen, songen ensfh.

Lees meer: Frysk paviljoen op Kinderboekenmarkt Den Haag

Traveliersliet

 

 

De skriuwers fan de Traveliersrige (in rige boeken oer de famylje Travelier dy't de hiele wrâld oer reizget en rûnom spannende aventoeren belibbet) fûnen dat der ek in Traveliersliet komme moast. De tekst ha Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus meielkoar makke, Oane Peenstra skreau de muzyk en pianist Wiebe Kaspers sjongt en spilet it liet. Wolst meisjonge? Sjoch dan op www.traveliers.nl by aktiviteiten. Dêr kinst tekst, muzyk en de ynsongen ferzje troch Wiebe fine. Der is sels in karaoke-ferzje! De ynsongen- en de karaoke-ferzje kinst dellade.

Wurkwinkel “Ferhalen en Keunst”

Workshop

Skriuwers tinke yn wurden, skilders tinke yn bylden. Bylden en wurden kinne elkoar prachtich oanfolje, dat wurdt al gau dúdlik yn dizze ynteraktive wurkwinkel fan skriuwster Auck Peanstra en yllustratrise Yke Reeder

Auck lêst Fryske ferhalen foar út eigen wurk en Yke yllustrearet op it plak sels by dy ferhalen. Der wurdt in liet oanleard sa’t allinne Auck dat kin en Yke makket in skilderij mei help fan de bern. Dit is sa rûchwei de ynhâld fan it 1/5 oant 2 oeren duorjende program  ‘Ferhalen en Keunst’. Nei ôfrin krije de bern in kleurplaat mei en is der in skilderij foar de hiele klasse of de skoalle.

Lees meer: Wurkwinkel “Ferhalen en Keunst”

Tomkefoarstelling: Hoi Wrâld

Help… in oaljefant!
In foarstelling mei Tomke yn de haadrol foar pjutten. Nei oanlieding fan it tema fan de Berneboeketiid 2012
Hoi Wrâld

en it nije Tomkeboekje Natuer.
Spylsters: Riemkje Pitstra en Jetske Miedema
Kosten ynhieren: € 25,-
Kontakt: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Lees meer: Tomkefoarstelling: Hoi Wrâld

Jenny Smelikprijs 2012 voor Trash

In het weekend van 15/16 september won Trash al de Gouden Lijst en nu is de Jenny Smelik-IBBY prijs 2012 ook toegekend aan Andy Mulligan voor zijn boek Trash. Een eervolle vermelding gaat naar Michael De Cock (tekst) en Judith Vanistendael (illustraties) voor hun boek Rosie en Moussa.

Lees meer: Jenny Smelikprijs 2012 voor Trash

Aksjeboek foar bern 2012

Aksjeboek foar bern 2012 oanbean by Mar en Klif

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea krige út hannen fan skriuwster Lida Dykstra  it earste eksimplaar oanbean fan it nije Aksjeboek foar bern.
Dat barde op tiisdei 18 septimber yn besikerssintrum Mar en Klif te Aldemardum.

Lees meer: Aksjeboek foar bern 2012

Berneboeketiid

Berneboeketiid 2012

De Berneboeketiid is yn 2012 fan 14 septimber oant en mei 14 oktober, tagelyk mei de Moanne fan it Fryske boek.
Yn dy perioade falt ek de Kinderboekenweek (3 oant en mei 13 oktober).
It tema fan de Berneboeketiid en de Kinderboekenweek is: Hoi Wrâld / Hallo Wereld. Foar de Berneboeketiid is wer in Aksjeboek foar bern útjûn dat fan 14 septimber ôf yn de boekhannel foar in lyts pryske te keap is by oanskaf fan in Frysk berneboek.
Skoallen en berne-opfang kinne in spesjaal skriuwersprogram oanfreegje foar yn de klasse/groep. Foar mear ynformaasje: sjoch by Lees meer

Lida Dykstra hat it Aksjeboek foar bern skreaun nei oanlieding fan it tema.
Natascha Stenvert makke de yllustraasjes.

 

 

 

Lees meer: Berneboeketiid