De kening fan juster

Fan de Warkumer skriuwer Paul van Dijk ferskynde op 30 novimber it twadde berneboek,
in ferfolch op Renske wol stoer wêze. It ferhaal is ek diskear wer spannend en magysk tagelyk.
De titel fan it nije boek is
De kening fan juster
Renske wurdt belutsen by de rûzje tusken har pake en syn broer.

Oer it ferhaal
Renske hat in hekel oan de nije freon fan har mem. It slimste fan alles is dat dy ek noch by harren komt te wenjen; mei syn dochter. Renske en it famke meitsje hieltyd rûzje. De iennige dy't noch gewoan docht is pake. No ja, gewoan? As Renske op in dei op syn hûs past, stiet der in heimsinnige man foar de doar. Wêrom wol dy der sa graach ynkomme? Fan dy tiid ôf sil neat mear itselde wêze.

Lees meer: De kening fan juster

Wêr sit Joazefine?

By de Afûk is in prachtich humoristysk printeboek ferskynd dêr’t in hiel soad yn te sjen is. It is skreaun troch Alexander Steffensmaier.
In printeboeke, geskikt foar bern fan 3 jier en âlder.

Ynhâld
Hoe moat Joazefine oait noch út 'e beam komme? Eins woe se allinne mar mei har freonen in spultsje dwaan.
Joazefine hat boppe yn 'e beam it bêste weikrûpplakje útsocht, sa goed, dat gjinien har fine kin...nei ûnderen springe doart se net, dus moatte har freonen nei boppen ta om har te helpen.
Mar as it harren ek net slagget om nei ûnderen te klimmen, is de bêste oplossing: de postboade.


Projekt Fjouwer Dappere mûskes









In literêr, fisueel en audityf keunst-edukatyf projekt oer yntegraasje
Stichting School en Kunst

Fjouwer dappere mûskes ûndernimme in reis út ’e fjouwer wynstreken wei. Se moetsje elkoar en der ûntstiet in nije mienskip, mei nije wenten en nije nammen. It is in gegeven dat alhiel oanslút by it tema Hallo Wereld!

Lees meer: Projekt Fjouwer Dappere mûskes

Aktiviteiten mei de fertelkoffer en de ferteljas

Wannear’t jo in fertel- of foarlêsaktiviteit boeke wolle, mei of sûnder ferteller, kinne jo kontakt opnimme mei Tresoar.
It leafst fia in e-mail oan Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Jo kinne dêrby oanjaan op hokker lokaasje de aktiviteit plakfine moat, de datum en tiid/deidiel en foar hokker groepen de aktiviteit bedoeld is. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt mei  jo op.

Lees meer: Aktiviteiten mei de fertelkoffer en de ferteljas

Krús fan de Hollanner

Ate Grypstra skreau it ferhaal fan Grutte Pier: Krús fan de Hollanner. It ferhaal spilet yn it Fryslân fan begjin 16e ieu. In aventoerlik ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske folksheld. Nea earder is syn ferhaal sa persoanlik brocht. Wy komme te witten hoe’t in boer út Kimswert him ta in baas legeroanfierder en floatfâd ûntwikkele. Hy waard de Skrik fan de Sudersee, de Stjoerman fan de Dea en it Krús fan de Hollanners. Hy waard nimmen oars as Grutte Pier.

Lees meer: Krús fan de Hollanner

Nij krystboek foar bern

By Krysttiid hearre ferhalen! Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen. It is in boek foar de ûnder- midden- en boppebou fan de basisskoallen. It stiet grôtfol ferhalen om foar te lêzen, thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Mar ek krystgedichten en toanielteksten binne opnaam. Tweintich Fryske skriuwers en yllustratrise Yke Reeder hawwe der in kleurryk en ôfwikseljend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

Lees meer: Nij krystboek foar bern

Kinderboekendag Terherne

Hallo wereld!Hallo wrâld
Om dit tema fan de berneboekewike hinne stiene yn Terherne op snein 7 oktober allegear aktiviteiten op it programma. It organisaasjekomitee stie yn passende kostuums klear om de gasten wolkom te hjitten. Op it plein foar de Kameleonbuorkerij spilen Afrikaanske djembee muzikanten, it publyk mocht it ek besykje en trommele entûsjast mei.
Yn de Fermanje wie de tentoanstelling fan de jierlikse boekekistewedstryd te bewûnderjen.

Lees meer: Kinderboekendag Terherne