Berneboeketiid 2013

13 septimber oant 13 oktober
Aksjeboek foar de Berneboeketiid

Diskear is it aksjeboek in jeugdboek foar 12 oant 15 jierrigen
skreaun troch Caja Cazemier
yn it Frysk oerset troch Ans Wallinga

Foarstelling, is presintearre op it Boekefeest
op 13 septimber yn Tresoar m.m.f. Caja Cazemier en Ans Wallinga. Ymkje van der Meer hie it boek lêzen en fertelde wat se der fan fûn. Sjoch ek www.ploegsma.nl.

Lees meer: Berneboeketiid 2013

Fjouwer dappere Mûskes op Ibby-honourlist 2014

Op advys fan It Fryske Berneboek wurdt it bysûndere boek “Fjouwer dappere mûskes” fan Eppie Dam (mei yllustraasjes fan Gerrit Terpstra; foarmjouwing Monique Vogelsang) foardroegen foar de IBBY Honourlist 2014 (yn de kategory Frysktalige auteurs). It boek waard útjûn troch útjouwerij Afûk te Ljouwert.

Om it jier jout IBBY International de Honourlist út, in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan tige hege kwaliteit, útjûn yn de mear as santich by IBBY oansletten lannen. De nasjonale seksjes fan IBBY meie hjir boeken foar oandrage dy’t der boppenút stekke oangeande tekst, yllustraasjes of oersetting. Om’t Nederlân twatalich is, draagt IBBY-Nederland njonken in Nederlâns boek ek altyd in Frysk boek foar.

Lees meer: Fjouwer dappere Mûskes op Ibby-honourlist 2014

Finale Fryske Foarlêswedstriid

Emma Jansma Fryske Foarlêskampioen 2013!

Emma, learling út groep 7 fan basisskoalle De Wyngert yn Drachtster Kompenije, hie in fragmint keazen út it boek fan Lida Dykstra: Mûske myn famke.
Sy hat de sulveren spjeld fertsjinne om't se in moai ferhaal keazen hie dat se hiel dúdlik en op in natuerlike wize foarlies. Boppedat hie se in tige goed kontakt mei it publyk. It wie gewoan spitich dat it ferhaal út wie.

It foel foar de sjuery, dy't bestie út Wim de Boer (Afûk), Sjoeke Faasse (NHL) en Janny Bottema (It Fryske Berneboek), noch net ta om de winner oan te wizen. It nivo fan de foarlêzers wie heech en fan de oare sân finalisten wiene noch wol trije toppers oan te wizen. Dochs wie de sjuery it der unanym oer iens dat Emma de echte kampioen wie.

Lees meer: Finale Fryske Foarlêswedstriid

(Foar)Lêze yn de fakânsje

It Jier fan it Foarlêzen giet yn de fakânsjetiid fansels gewoan troch. Krekt yn de fakânsje is der noch mear tiid om in boek (foar) te lêzen. Of ûnderweis nei it fakânsje-adres ta, yn de tinte, it simmerhúske ensfh. harkje nei in dvd of harkboek. Der is in romme karút oan geskikte berneboeken en harkboeken foar yn de fakânsjekoffer. Sjoch mar ris op audiofrysk
En by 2013, It Jier fan it Foarlêzen is in boekelist opnaam mei geskikte fakânsjeboeken foar pjutten, beukers en basisskoallebern. By Fryske Berneboeken is in noch wiidweidiger list te finen.

Simke Kloostermanpriis 2013 útrikt yn Twizel

Deputearre Jannewietske de Vries hat yn de Herfoarme tsjerke fan Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 útrikt oan Thys Wadman. Hy krige de priis mei in oarkonde en in bedrach fan € 3.500,-.

De tsjerke siet grôtfol mei famylje, freonen en bekenden om de priisútrikking by te wenjen foar it bêste Fryske berneboek út de ôfrûne trije jier. De oerwinnings fan Tido Houtsma giet neffens de sjuery, dy't bestie út Douwe Kootstra, Albertina Soepboer en Alie Douma, fierder as observaasjes. De skriuwer ken de bern goed. Hy sit hiel ticht op en ûnder de hûd fan haadpersoan Tido en boppedat is it boek mei in protte humor skreaun.

Lees meer: Simke Kloostermanpriis 2013 útrikt yn Twizel

Fryske Foarlêswike 3 o/m 7 juny 2013

FOARLEZE YN IT FRYSK OAN PJUTTEN 

Tusken 3 o/m 7 juny wurdt rûnom yn ’e provinsje foarlêzen oan sa’n 12.000 pjutten.

De Fryske Fertelwike is starten yn de bibleteek fan It Hearrenfean.

Ofrûne freed hat Marloes Landman, jeugdbibletekaresse fan It Hearrenfean, op besite west by de berne-opfang De Torteltuin yn it ramt fan de Fryske Fertelwike.

Hja hie de Ferteljas oan en mei help fan de Fertelkoffer hawwe 16 pjutten it ferhaal fan “Wêr is Dikkie Dik” hearre en sjen kinnen.

De Ferteljas en de Fertelkoffer binne fan Tresoar. Ek de kommende tiid sille der besites brocht wurde oan ferskate berne-opfangplakken.

Lees meer: Fryske Foarlêswike 3 o/m 7 juny 2013

James Krúss Preis voor Joke van Leeuwen

Joke van Leeuwen wint de James Krüss Preis, een Duitse literatuurprijs voor kinder- en jeugdliteratuur. Van Leeuwen is de eerste Nederlander die de prijs in de wacht sleept.

De jury van de tweejaarlijkse oeuvreprijs noemt elk van Van Leeuwens boeken een 'Gesamtkunstwerk'. Van Leeuwen beheerst bovendien op 'grandioze wijze taalkundige en visuele middelen'. Ook Hanni Ehlers en Mirjam Pressler, de Duitse vertaalsters van Van Leeuwen, worden geëerd.

Tot de bekendste boeken van Van Leeuwen, vorig jaar nog winnaar van de Constantijn Huygens-prijs, horen Iep! (1996), Deesje (1985) en Kukel (1998), maar ze schreef ook informatieve boeken als Waarom een buitenboordmotor eenzaam is (2004) en Een halve hond heel denken (2008), gedichtenbundels als Ozo heppie (voor kinderen) en Laatste lezers (voor volwassenen), waarvoor ze de C. Buddingh'prijs ontving. Haar meest recente werk is Feest van het begin, een historische roman voor volwassenen, die vorig jaar verscheen.

Lees meer: James Krúss Preis voor Joke van Leeuwen