Boek fan de Moanne desimber

Stille nacht wûndernacht
Krystferhalen en mear

is it Boek fan de Moanne yn desimber
Want,
by Krysttiid hearre ferhalen!

It boek is yndield yn trije leeftydsgroepen: foar de ûnderbou, de middenbou en de boppebou.
It begjint mei it Krystferhaal út it Lukasevangeelje, bewurke troch Berber van der Geest.
Om alfêst yn de krystsfear te kommen kin dat ferhaal downloaden wurde by it menu 2013, It Jier fan it Foarlêzen, lykas in ferske fan Riemkje Pitstra en in ferhaal fan Matty de Vries.
De skriuwsters Anny de Jong en Auck Peanstra lêze yn desimber foar út it boek. Sjoch foar mear ynformaasje by Fertelaktiviteiten. Wiidweidige ynformaasje op www.boekfandemoanne.nl. In boekbesprek fan Hanneke de Jong op www.boekenbijlage.nl en by it menu Fryske berneboeken.

Lees meer: Boek fan de Moanne desimber

Boeken foar de feestdagen

Foar de jongste bern in pear Tomkeferhaaltsjes yn
Tomke en Swarte Pyt
Tomke set syn skuontsje, want fannacht komt Sinteklaas.
Dy nachts heart Romke wat! Wat soe dat wêze?
Tomke en de krystkrânskes
It is hast krystfeest. Tomke, Romke en Kornelia hingje kleurde krânskes yn 'e beam. Dy lykje Romke ek wol lekker ta!
Priis: € 9,90

Yn It Grutte Foarlêsboek dat koartlyn ferskynd is, it ferhaal:
Piten op it iis

Stille nacht wûndernacht
By Krysttiid hearre ferhalen! Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen. It is in berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen, thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Tweintich Fryske skriuwers en yllustratrise Yke Reeder hawwe der in kleurryk en ôfwikseljend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

Berneboekwinkel De Toverlantaarn

Der kinne fan 23 novimber ôf wer Nederlânske en Fryske berneboeken kocht wurde by Berneboekwinkel
De Toverlantaarn
yn Ljouwert.
Nei de grutte brân op De Kelders/Foarstreek fan 19 oktober l.l. moast socht wurde nei in nij plak. Der is in tydlik ûnderkommen fûn op de Groentemarkt, net fier fan de eardere lokaasje oan de oare kant.
De foarrie gong troch de grutte smiten spuitwetter ferlern. Lokkich is der foar de feestdagen wer fan alles te krijen.

Dieuwertje Blok soe op sneon 16 novimber foarlêze yn De Toverlantaarn út ‘Het Grote Sinterklaasjournaal Voorleesboek'.
Se kaam ek, mar op in alternative lokaasje: It 'Stadhouderlijk Hof'.

Nije Fryske berneboeken bij Hoogland & Van Klaveren

Utjouwerij Hoogland & Van Klaveren út Hoorn, hat koartlyn twa Fryske berneboeken útjûn.
Beide boeken binne yn it Frysk oerset troch Jant van der Weg

Harm de Jonge, winner fan de Sulveren Griffel yn 2012 foar syn boek Vuurbom, sil it Nederlânske Berneboekegeskink foar de’ Kinderboekenweek’ 2014 skriuwe.
It motto foar de 60ste Kinderboekenweek is ‘Feest’.

It ferhaal oer Kees Poan is ek in feest om te lêzen.
Dêrom is yn it menu: 2013, It Jier fan it Foarlêzen, in kompleet haadstik út dat boek opnaam. It boek is geskikt foar bern fan 8 jier en âlder.
(Sjoch hjirûnder foar in koarte ynhâld fan de boeken en/of by it menu Fryske berneboeken)

Lees meer: Nije Fryske berneboeken bij Hoogland & Van Klaveren

Tema Berneboeketiid 2014

Feest!i
is it tema fan de Nationale Kinderboekenweek en fan de Berne/Jeugdboeketiid yn 2014.
Feest, om’t yn 2014 foar de 60ste kear de Kinderboekenweek (1 oant en mei 12 okotber) organisearre wurdt en de Berneboeketiid (heal septimber oant heal oktober) foar de 20ste kear.
Eins wurdt yn dy perioade it berneboek al fierd. En hoe kin dat yn sa'n jubeljier better as it fieren sels sintraal te stellen?

Lees meer: Tema Berneboeketiid 2014

Gastlessen by Aksjeboek Foarstelling

Twa brêgeklassen fan it Drachtster Lyceum yn Drachten hienen op moandei 28 oktober in primeur.
As allerearste krigen se in gastles by it Aksjeboek Foarstelling fan de skriuwster Caja Cazemier en de oersetster Ans Wallinga.
Dit skoaljier sille de skriuwster en de oersetster by ferskate skoallen foar fuortset ûnderwiis del mei in lesprogramma by it boek.

De learlingen woenen graach in hantekening fan Caja Cazemier yn harren nije boek

Diet bliuwt favorytfeestje yn Wier

Diet bliuwt favoryt






In feestje dat op sneintemiddei 20 oktober yn it tsjerkje fan Wier fierd is om't it 60 jier lyn wie dat it gedicht Tutte mei de linten publisearre waard. Diet Huber soarge foar fernijing yn de (Fryske) bernepoëzij. Oant hjoeddedei ta drage bern gedichten fan har foar. It karke fan bakker Harke, Klaas Krintsje, De biezem en de bjinder, De walfisk en de prom, Sytse Slokker, Abe Sjipkop, Tingeltangel Tet ensfh., se kamen allegear foarby op dit smûke en dochs ek wat nostalgyske feestje. Mei tank oan Siets Ypenga dy't dit earbetoan oan Diet Huber organisearre en lieden hat.
Sjoch foar it gedicht fan Douwe A. Tamminga oer Diet Huber ûnderoan dit berjocht.

Lees meer: Diet bliuwt favorytfeestje yn Wier