Foarlêsaktiviteiten

Yn de Nasjonale Foarlêsdagen koene hiel wat minsken yn Hallum genietsje fan ferhalen dy’t learlingen út de groepen 7 en 8 fan basisskoale Op 'e Dobbe foarliezen. Se sieten by de pjutten, yn de sparwinkel, de blommewinkel, op skoalle en by de âlderein yn Offingaburg. De mem fan in Sirysk berntsje lies yn it Arabysk foar. In oare mem fertelde itselde ferhaal letter nochris yn it Nederlânsk.


Op moandei 6 febrewaris harken de bern fan  De Cingel yn Menaam mei oandacht nei it ferhaal út it Frysk Printeboek fan it Jier, Skelte wol in skelter. Skriuwster Joke Scheffer hie in fertelkastke meinaam en de lytse foks Skelte siet by har op 'e skoat. 
Sjoch foar mear foto's hjirûnder.

Lees meer: Foarlêsaktiviteiten

De Skoalskriuwers fan 2017 yn Fryslân

Fan 23 jannewaris ôf binne de allerbêste Nederlânske en Fryske berneboekeskriuwers in heal skoaljier lang as Skoalskriuwer oan ’e slach gien op fyftich ferskillende basisskoallen. Dat dogge se om te helpen de kwaliteit fan it lêzen en skriuwen yn it Nederlânsk en it Frysk te befoarderjen. De Skoalskriuwers komme dit jier by mear as 10.000 bern. Ek âlders en learkrêften wurde by de aktiviteiten belutsen.

Yn Fryslân binne seis Skoalskriuwers aktyf op 10 ferskillende skoallen: Hanneke de Jong, Janny van der Molen, Kate Schlingemann, Lida Dykstra, Linda de Haan en Tialda Hoogeveen.
Lês hjirûnder op hokker skoallen se komme en wêrom't se as Skoalskriuwer sok moai en wichtich wurk dogge.

Lees meer: De Skoalskriuwers fan 2017 yn Fryslân

Harmonie Weidum lit bern yn ’e kunde komme mei muzyk én ynteraktyf teater!

In Frysktalige, muzikale poppefoarstelling; dát is Rôversguod. De poppefoarstelling is geskikt foar bern yn de basisskoalleleeftyd mar sil de folwoeksen begelieders sûnder mis ek oansprekke. It script fan Tjerk Kooistra is basearre op it nije berneboek Rôversguod fan Janneke de Boer en nimt jong en âld mei yn it aventoer fan Fekke en syn roeken.
It jeugdige B-orkest fan muzykferiening Harmonie Weidum spilet dêr muzyk by dy’t spesjaal komponearre is troch Ria Fennema en bringt sa, mei de ferteller en de prachtige poppen, it publyk op ’e smaak.

Lees meer: Harmonie Weidum lit bern yn ’e kunde komme mei muzyk én ynteraktyf teater!

Harkboeken fergees yn de Foarlêsdagen

Audiofrysk biedt yn de Nasjonale Foarlêsdagen fergees fjouwer boeken oan!

De Nasjonale Foarlêsdagen duorje noch oant en mei 4 febrewaris. De hiele wike wurdt noch ekstra omtinken jûn oan foarlêzen. En net allinne oan jonge bern. Ek bern dy’t sels al lêze harkje graach nei in ferhaal. Foarlêze is live it moaist, dat wit elk. Mar dat kin net altyd en dan is it foarlêzen troch in skriuwer dy’t fia de lûdsprekker ta je komt in hiele goede twadde. Dêrom jout Audiofrysk yn de Nationale Voorleesdagen/ Nasjonale Foarlêsdagen fjouwer berneboeken kado. Helje se del by Luisterrijk. Dat kin oan 5 febrewaris ta fergees.
It giet om de folgjende titels:
Anny de Jong - It is foar de hearen  
Ep van Hijum - Muoike Klaptút en oare koarte ferhalen
Jelle Bangma - Keatse foar de krânse
Lida Dykstra - De skat fan jonker Jan

 

Junior Rely priisfraach 2017

Doch mei oan de Junior Rely!
Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto moaie Fryske ferhalen, gedichten of sjongteksten skriuwe? Doch dan mei oan de Junior Rely! De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.
Wat binne de spulregels foar de Junior Rely?

 

  • Skriuw in ferhaal of in gedicht of sjongtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, sciencefiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten! Fansels hast de tekst hielendal sels betocht en skreaun
  • Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere
  • Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze
  • Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-eftergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne. De Junior Rely is in skriuwkriich en net in foarmjouwerskompetysje
  • Skriuw dyn ferhaal, gedicht of sjongtekst yn Word, en stjoer as bylage yn fia e-mail, nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Set yn dyn e-mail ek dyn persoanlike gegevens (namme, adres, wenplak, bertedatum en tillefoannûmer);
  • De sjuery mei net witte wa’t de tekst skreaun hat – dyn tekst wurdt anonym nei de sjueryleden stjoerd
  • Do moast tusken de 12 en 18 jier wêze
  • Ast al twa kear in priis wûn hast mei de Junior Rely, meist net mear meidwaan

    Lees meer: Junior Rely priisfraach 2017

Nasjonale Gedichtedei 2017

It is hjoed Gedichtedei, de start fan de Poëzijwike.

Dy begjinne wy mei in gedicht fan Elske Kampen
Ut: Dit is it gedicht
(Sjoch foar mear ynformaasje by it menu Nasjonale Foarlêsdagen/Nasjonale Gedichtedei)

Sels

Soms,
as ik lang nei lippen sjoch

meastal sêft mar ek mei plakjes,
skraskes, krûmels yn in hoekje,
pruttelwurdsjes yn ’e nacht, altyd
prate, drinke, ite, kola, koekjes,
bakte fisk, nasi, pasta, dropkes,
it leafste dat wat lekker is, mar
ek wol in brievebuske fan flewiel
om tútsjes troch te krijen,

soms is it krekt as witte lippen
better noch as dû en ik, wêr’t se
oer swije wolle en wat se
sizze meie.

Nasjonale Foarlêsdagen 2017





Skelte wol in skelter
is it Frysk printeboek fan it jier 2017 yn de Nasjonale Foarlêsdagen. In oarspronklik Frysk berneboek, mei in boartlike  tekst fan Joke Scheffer en fleurige yllustraasjes fan Anna Sikkes.

Foarlêze is tige wichtich. Dêrom wurde alle jierren, ein jannewaris/begjin febrewaris, spesjaal foar jonge bern de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre.
Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen.
Rûnom yn it lân wurde aktiviteiten oerganisearre om it foarlêzen hinne. Faak begjint de perioade mei in foarlêsbrochje. Mar der wurdt fierder ek fan alles betocht.

Wolle jim ek mei it Frysk printeboek fan it jier oan 'e slach? Sjoch foar tips by it menu Nasjonale foarlêsdagen. Bysûnder is dat de poëzijwike ek noch yn deselde perioade falt. Sa kinne ferhalen, gedichten en ferskes allegear oan bod komme.

Lees meer: Nasjonale Foarlêsdagen 2017