De huodsjes fan Mata Hari

Aksjeboek foar bern 2017

Yn it ramt fan de Berneboekewike ferskynt op 4 oktober
it Aksjeboek foar bern,
De huodsjes fan Mata-Hari
skreaun troch Lida Dykstra mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert.
Fan dy tiid ôf leit it aksjeboek yn de boekwinkels en is it te keap foar mar
€ 4,95 by oankeap fan in Frysk berneboek.
Mata Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy't yn 1917 troch de Frânsen fusilearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Hjoeddedei, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinne noch mar grutter.
Hoe kin dat? Wa wie sy eins?
Yn De huodsjes fan Mata-Hari fertelle de huodsjes meiïnoar it libbensferhaal fan har eigneresse.

Lees meer: De huodsjes fan Mata Hari

Rients Gratama ferstoarn

Rients Gratama wie benammen tige ferneamd as kabaretier en toanielspiler.
Mar hy skreau ek berneboeken yn gearwurking mei syn partner Carla van der Heijde dy't de yllustraasjes makke. Tekst en yllustraasjes folden elkoar prachtich oan.
Yn 1991 ferskynde by De Friese Pers Boekerij: Bisteboel, in boek mei fabels foar bern fan 8 oant 80.
Jierren letter makken Rients en Carla opnij tegearre in boek: Hein en syn hin, dat trijetalich útjûn waard (Frysk, Grinzers en Nederlânsk). Fuort dêrnei folge Pien en har spin, ek trijetalich.

Yn 2014 keas It Fryske Berneboek beide printeboeken as Printeboeken fan it jier yn de Nasjonale Foarlêsdagen.
Skoallen, berne-opfangplakken en bibleteken waarden op 'e hichte brocht. Op de website fan IFBB wie ynformaasje te finen oer de ferhalen, de skriuwer en de yllustratrise en der waarden allegear suggestjes jûn om mei de boeken oan 'e slach te gean.
Op Twadde Peaskedei, de 21ste april fan dat jier, wiene bern en âlders wolkom yn it Natuermuseum yn Ljouwert om te harkjen nei Rients en Carla dy't dêr de ferhalen foarliezen yn it gesellich oanklaaide atrium.

Yn 2016 ferskynde by De Friese Pers Boekerij it tredde en lêste diel yn de rige: It stuoltsje.

De Gruffalo

Hearlik fine bern dat: efkes grizelje mei in spannend ferhaal. As it mar wer goed komt. En dat bart yn it printeboek oer de gruffalo. In prachtich ferhaal oer it lytse mar o sa stoere mûske dat it syn belagers, foks, ûle en slang, bang makket foar De Gruffalo. Sels is er net bang want in gruffalo bestiet ommers net. Of dochs wol?
Gelokkich leit it boek wer yn de boekhannel. En de opfolger is ek noch te krijen: De lytse Gruffalo.
Dat bistke is al krekt like eigenwiis as de stoere mûs.

It boek fan Julia Donaldson is útjûn troch de Afûk.
De yllustraasjes binne fan Axel Scheffler. De ferhalen binne oerset troch Hermien van der Meer.
Priis per boek: € 13,95. ISBN: 978 90 6273 899 1

 

Fakânsjekoffer 2017

Noch efkes en it is wer fakânsje. De koffers steane al klear. Ferjit dan net om boeken mei te nimmen. Lekker lêze ûnderweis nei it fakânsje-adres. Of yn de tinte, caravan, camper, it húske ensfh. Is it dreech om in kar te meitsjen? Nim dan de list hjirûnder mar ris troch. Dêr sit grif wat foar jim by.

Lees meer: Fakânsjekoffer 2017

De GFR en Tije op IBBY honourlist 2018

IBBY is in non-profit organisaasje dy’t in ynternasjonaal netwurk fan minsken fertsjintwurdiget út ferskate lannen. IBBY set har yn, om mei help fan boeken, in brêge te slaan tusken bern rûnom op ’e wrâld.

Om it jier jout IBBY de Honourlist út, in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan tige hege kwaliteit, útjûn yn de mear as fiifensantich by IBBY oansletten lannen. De nasjonale seksjes fan IBBY meie hjir per kategory ien boek foardrage dat der útspringt troch tekst, yllustraasjes of fertaling.

Foar it earst draagt IBBY-Nederlân ek in oersetter yn it Frysk foar en dat is Martsje de Jong foar har fertaling ‘De GFR’ (fan Roald Dahl, útjûn troch Regaad Utjouwerij).

Om’t Nederlân twatalich is mei der njonken in Nederlâns boek ek altyd in Frysk boek foar de kategory ‘auteurs’ foardroegen wurde. Dat is dit jier Mirjam van Houten foar har boek ‘Tije’ dêr’t sy ek de yllustraasjes foar makke (útjûn troch de Afûk).

De honourlist-boeken wurde presintearre op it Ynternasjonale IBBY-kongres dat yn 2018 holden wurdt yn Athene.

Berneboekedei/Kinderboekendag Terherne 2017

It programma fan de 17e edysje fan de Berneboekedei yn Terherne stiet yn it ramt fan it tema Grouwélich Aaklik! It slút oan by it lanlik tema fan de Kinderboekenweek/Berneboeketiid.
Op 15 oktober fan 13-17.00 oere stiet Terherne op ’e kop. Op ferskate lokaasjes yn it doarp binne aktiviteiten om mei te meitsjen en mei te
dwaan. Aktiviteiten dy’t mei dit spannende tema te krijen ha. De tagong is fergees.
Der komt in tige spannende foarstelling, der is muzyk, kinst boeken keapje en der binne lytse en grutte (foarlês / teater) foarstellingen. En wolst noch mear? Kinst ek werom yn de tiid en sneupe yn it libben fan de famylje Klinkhamer yn de Kameleonbuorkerij yn Terherne.
Grouwélich Aaklik yn Terherne is in feest foar bern, âlders en alle pakes en beppes!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl.

Fryske Foarlêswike 2017

Yn de Fryske Foarlêswike tusken 6 en 9 juny sille wer goed 600 foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes. De foarlêzers komme rûnom yn ’e provinsje om foar te lêzen oan sa’n 12.000 pjutten.
It tema is dit jier Tomke troch it jier.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike yn it Frysk foarlêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Dat kinne pakes en beppes wêze, heiten en memmen mar ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske berneliteratuer. Sjoch foar in oersjoch fan foarlêsplakken op www.afûk.nl.