Wenje yn in skilderij

yn 't novimbersintsje

Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Lourens Alma Tadema
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert yn opdracht fan it Frysk Museum
ISBN: 9789492052254
Priis: 15,95

Yn it Frysk Museum te Ljouwert is oant en mei 7 febrewaris 2017 de tentoanstelling oer de ferneamde Fryske skilder Lourens Alma Tadema te sjen. Berneboekeskriuwster Lida Dykstra hat fan it museum de opdracht krigen om nei oamlieding fan dizze tentoanstelling, de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern.
De skriuwster hat besocht om Alma Tadema tichterby te bringen foar de jeugd troch de eagen fan Laurence, de âldste dochter fan skilder. Sa komme jonge lêzers mei him yn ’e kunde. Se ûnderfine hoe ’t it is om yn sa’n kreative húshâlding grut te wurden, meitsje de eksploazje fan it hûs fan de Tadema’s mei en dwale om yn it atelier. Op dy wize komme de skilderijen ta libben. Ek it plakboek fan Laurence is ûnderdiel fan it boek, mei plaatsjes, reproduksjes fan it wurk fan har heit, sketskes en foto’s.
In prachtich boek om (foar) te lêzen en in moaie oanlieding om dêrnei meielkoar nei it museum ta te gean.

Lees meer: Wenje yn in skilderij

Tije

yn 't oktobersintsje

Tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten
Utjouwerij: Afûk, Ljouwert
96 siden, hard cover
ISBN: 9789492176271
Priis: € 14,95

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt...

In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing. Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Lees meer: Tije

Femke faalt

yn 't septimbersintsje

Auteur: Ate Grijpstra
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176264
Priis: boek € 12,50, e-book € 2,50

It earste Fryske e-book foar de jeugd wie Femke Faalt, skreaun troch Ate Grijpstra. Mar it leit no ek as gewoan lêsboek yn de winkel.

Femke faalt is it ferhaal oer in fyftjinjierrige ex-gymnasiast. Femke is frijwat talich, se drumt yn de skoalband en wurket yn in snackbar. Mei har hertsfreondin Jellien dielt se hast alles. Alles liket frij goed, mar Femke komt út in wat ûngelokkige húshâlding. Se hat sûnt se op de havo sit in minne relaasje mei har mem dy’t fynt dat se der op skoalle mei de pet nei goaid hat. Har heit sit yn fersekeringen en keapet syn ôfwêzigens ôf mei kadootsjes. Har broerke wurdt op skoalle ek wol Sjors Zombie neamd.

Lees meer: Femke faalt

De bisteboel fan omke Roel

Omke Roel syn bisteboel yn 't augustussintsje

Tekst: Thys Wadman
Liedteksten en muzyk: Hindrik van der Meer
Nije arranzjeminten muzyk: Kees van der Meer
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Utjouwer: Afûk y.g.m. Tresoar
ISBN: 9789062738809
Priis: € 17,50

De bisteboel fan Omke Roel wie yn 2011 it Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid.
It is in muzikaal printeboek mei 23 ferskes en ferhaaltsjes. Om foar te lêzen of om sels te lêzen. Mei in cd, mei dêrop ferskes oer alle bisten dy't op de pleats fan Omke Roel wenje.
Thys Wadman skreau in prachtich ferhaal mei de súksesfolle bistelietsjes fan Hindrik van der Meer (ferskes fan de cd’s Retteketet Tsjyng Boem) as útgongspunt. Soan Kees van der Meer makke nije arranzjeminten by de ferskes en Natascha Stenvert soarge foar de sfearfolle yllustraasjes.

Lees meer: De bisteboel fan omke Roel

Ik hâld fan pod

Yn 't julysintsje
Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Arne van der Ree
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 978 90 5615 254 3
Priis: € 5,00 (oanbieding)

Op in goede dei fynt Pod in helpleas koekoekje. Hy beslút om it grut te bringen.
Se wurde bêste maatsjes. Oant Koekoekje fleanen leare moat. Hy doart net. Mar hy moat! Pod sil it him wol even foardwaan ...
Yn dit humorfolle printeboek komt de lêzer yn ’e kunde mei mar leafst 100 bisten, dy’t yn in ensyklopedy-part nochris stik foar stik oan ’e oarder komme. Skriuwster Lida Dykstra fertelt by elk bist – dat troch yllustrator Arne van der Ree libbensecht en leafdefol skildere is – ynteressante weetsjes.

Lees meer: Ik hâld fan pod

Skelte wol in skelter

Yn 't junysintsje

In printeboek foar beukers

Tekst: Joke Scheffer
Yllustraasjes: Anna Sikkes
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062739998
Priis: € 13,50

Oer it boek
Dy earme Skelte: hy wol sa graach in skelter ha, mar it mei net! Heit syn hok is al fol, mem is benaud foar de auto fan buorman, buorfrou is bang foar har blommen. Wat moat Skelte no? Hy ferfeelt him sa, der is hielendal neat te dwaan! Dan krijt er in geweldich plan. Hy freget pake! Fan pake mei altyd alles, dêr binne pakes ommers foar? Skelte krijt gelyk, it mei fan pake! Mar heit en mem en de buorfrou krije ek gelyk: Skelte reest troch de buert en hat allinne mar each foar syn nije skelter en net foar auto’s of blomkes…

Lees meer: Skelte wol in skelter

De bûtenierdske reis fan Q en Quinta

Yn 't maaiesintsje

'Al kin ik minsken mar positiver tinke litte oer bûtenierdske wêzens!' Martijn van Staveren - www.buitenaardscontact.nl

Tekst en yllustraasjes: Marianna van Tuinen
Oersetting yn it Frysk: Ytsje Steen-Buwalda
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
Tal siden: 42
ISBN: 9789089548450
Priis: € 17,50

Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan.
‘Ik bin Q’, seit it frjemde bist. ‘Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?’

Lees meer: De bûtenierdske reis fan Q en Quinta