Mol yn 'e snie

Yn ‘t febrewarissintsje

Mol yn 'e snie

Auteur: Jonathan Emmett
Yllustraasjes: Vanessa Cabban
Oersetting: Hermien van der Meer
ISBN: 90 6273 669 6
2011 2e printinge, Afûk, Ljouwert (1e printinge: 2006)
Priis: € 12,50

Oer it boek:

Alle mollebulten noch oan ta!” ropt Mol, as er boppe op syn mollebult stiet. “Wat mei dit wol net wêze?” Mol giet op ûntdekkingsreis troch it sniewite lânskip. Alles moat wol betovere wêze, dat kin net oars. Mol kuieret betovere troch oant... “Ooh!... Whooh!... Oefff!” hy by in steile heuvel del rûgelet en tsjin in beamstam oanbotst. Neat te rêden, hy is noch hiel en, o sa geweldich, hy fynt in echte diamant. Dy moat mei nei hûs. Mar oft dat slagje sil? 

Lees meer: Mol yn 'e snie

In nije heit

Yn 't jannewarissintsje
In nije heit
fan Thys Wadman

Oer it boek
De haadpersoan yn it boek is Gerke, in jonge fan likernôch tsien jier. Hy is gek op auto's en op fuotbaljen. Gerke fynt it spitich dat syn heit noait ris mei him nei it fuotbaljen ta giet en dat se net tegearre oer auto's prate kinne. Dêrom soe er eins wol in nije heit ha wolle...
Gerke is foaral gek op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Hy seit: "Ik sammelje foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.

Lees meer: In nije heit

Bekende berneboeken útjûn as stripferhaal

Yn 't novimbersintsje twa klassike berneboeken, dy't koartlyn útjûn binne as stripferhaal
De tsien fan Martens Afke fan Nynke fan Hichtum
en
De skippers fan de Kameleon fan Hotse de Roos
beide bewurke en tekene troch Dick Matena.

Oer De tsien fan Martens Afke
Nynke fan Hichtum skreau mei De tsien fan Martens Afke in prachtich boek oer it swiere bestean fan in earme arbeidershúshâlding út Wergea. It boek is in reallife soap, want dy famylje mei tsien bern bestie echt, ek al krigen se yn it boek oare nammen. (Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze strip by Fryske berneboeken)
De bewurking fan it stripferhaal fan Dick Matena is oerset troch Jant van der Weg.

Oer De skippers fan de Kameleon
Hielke en Sytse wenje yn it Fryske doarp Lenten. Op in dei fynt de twilling in âld opdrukker dy’t stykjen bleaun is yn de mar achter harren hûs. Mei help fan de motor fan in stikkene auto meitsje se der in sterke boat fan dêr’t de fluchtste speedboat net tsjin op kin. Dat is it begjin fan in soad aventoeren. (Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze strip by Fryske berneboeken)
De bewurking fan Dick Matena is oerset troch Ate Grijpstra

Lees meer: Bekende berneboeken útjûn as stripferhaal

Lindbergh

Yn’t oktobersintsje: Lindbergh
It grutte aventoer fan in fleanende mûs
fan Torben Kuhlmann

It ferhaal oer de nijsgjirrige lytse mûs begjint yn 1912 yn Hamburg, Dútslân.
In mûske komt der achter dat in ôfgryslike útfining, de mûzefalle, al syn freonen fuortjage hat. Manmachtich binne dy mei de boot nei Amearika tein. It slagget it mûske lykwols net om ek op in boat nei Amearika te stappen want de kades wurde wilens bewekke troch katten. Ynspirearre troch de flearmûs betinkt er in dwylsinnich plan: hy wol fleanen leare. Der komt hiel wat tink-en nifelwurk oan te pas foar ’t it slagget. Wylst loert de fijân: ûlen wachtsje it momint ôf dat se taslaan kinne!
In prachtich boek, geskikt foar bern fan fiif jier ôf.

It boek hat in nostalgyske útstrieling troch it brûken fan in soad brúntinten en in kaft dy’t suggerearet dat we mei in âld wat fersliten boek te krijen ha. Ek de sênes dêr’t de minskewrâld yn te sjen is bringt de sjogger nei de tweintiger jierren: de grutte oseaanstomers mei rikjende pipen, manlju dy’t in hoed drage, steamtreinen en in âlderwetske typemasine. De mûs is yn alle ôfbyldings in echte mûs, Kuhlmann tekenet him sa dat de lêzer fuort leaut dat in mûs feitlik in fleanmasine bouwe kinne soe: hy draacht it nedige materiaal yn ’e bek of op ’e rêch en brûkt syn lytse mûzehantsjes om in potlead fêst te hâlden of in fleanbril foar de eagen te skowen.

Lees meer: Lindbergh

De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Hindrik Bûter yn 't septimbersintsje

Yn de Berneboeketiid 2014 (12 oant 30 septimber) leit in bysûnder boek yn de etalaazjes fan de Fryske boekhannels. Paul van Dijk hat in spannend ferhaal skreaun oer De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter.
Hindrik ferfeelt him yn de simmerfakânsje. Heit en mem kinne in fakânsjereiske net betelje en dêrom sit er in soad allinne thús. Syn klasgenoaten geane wol fuort. Hindrik wol ek sa graach ris wat bysûnders meimeitsje dêr't er dan letter op skoalle oer fertelle kin. Krekt as De Trije, dy trije ferfelende jonges dy't him altyd narje en lykas Femke, syn freondintsje. En dan fynt er samar ynienen in toeter. Net in gewoane toeter, mar in wûndertoeter!

It boek is geskikt foar bern út groep 5 en 6 en âlder.

Paul van Dijk hat dit boek spesjaal foar de Berneboeketiid skreaun. Omslach en tekeningen makke er ek sels.
It boek is yn de Berneboeketiid foar mar € 4,95 te keap. Wês der dus gau by want nei 1 oktober kostet it € 12,50! De lesbrief by it boek kin downloaden wurde fia dizze link.
Trijetalige skoallen yn Fryslân binne noege foar de foarstelling dy't de skriuwer by it boek makke hat. De foarstellings binne yn Damwâld, Mantgum en Wommels.

Lees meer: De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Dideldeintsje wol nei skoalle

Dideldeintsje wol nei skoalle yn 't augustussintsje
Noch in pear wiken en de simmerfakânsje is wer foarby. Foar in protte jonge bern brekt dan in nije perioade oan: foar it earst nei de pjutteklas of nei groep 1 fan de basisskoalle ta.

Dideldeintsje wol nei skoalle fan skriuwster Lida Dykstra en yllustratrise Marijke Klompmaker is in geskikt boekje om yn augustus yn 't sintsje te setten. Mei help fan dit ferhaal kinne bern alfêst in bytsje taret wurde op dy earste 'skoal'dei. Boppedat wurdt it boekje op it heden oanbean foar mar € 3,90.
Utjouwer: Bornmeer
ISBN: 9789056150631

Oer it boek
Dideldeintsje is noch krekt net âld genôch om nei it pjutteboartersplak te kinnen. Mar as se op in reinige dei neat te dwaan hat, wol se net langer wachtsje. Se giet dochs! Dit boekje oer Dideldeintsje folget op: Pake past op Dideldeintsje. It is in prachtich foarlêsboekje foar pjutten en beukers oer dy lytse, leave eigenwize Dideldeintsje.

Lees meer: Dideldeintsje wol nei skoalle

De Fjoerdiamant

De fjoerdiamant yn 't julysintsje
Tekst en yllustraasjes: Marianna van Tuinen
Oerset troch Ytsje Steen-Buwalda
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
Priis: € 15,95

Oer it boek:
Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hert hiel waarm …

Lees meer: De Fjoerdiamant