De boel op stelten

Yn 't julysintsje

De boel op stelten

Auteur: Auck Peanstra
Yllustraasjes: Yke Reeder
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062739554
Priis: € 12,50

Oer it boek
In bondel mei achttjin oarspronklike Frysktalige ferhalen. Se ferskynden earder yn in tydskrift en binne troch de skriuwster foar it boek bewurke en aktualisearre. It binne ferhalen oer ûnderwerpen dy't bern oansprekke, bygelyks oer in ôfspraakje op Hyves, besykje om te 'spijbeljen' fan skoalle, stikem sekssites besjen by in infaljuf, stelle út in winkel, meidwaan oan 'de moaiste billen fan Fryslân' of in jonge anti-held dy't mei syn mem in snoad plan betinkt om dochs op skoalreiske te gean. De ferhalen binne flot skreaun mei in soad humor. Se binne allegearre yllustreerre mei twa of trije lytse, nijsgjirrige potleadyllustraasjes. In moai fakânsjeboek foar learlingen út de boppebou fan it basisûnderwiis.

Lees meer: De boel op stelten

Salsafamke

Yn 't junysintsje

Salsafamke

Skriuwster: Hanneke de Jong
Utjouwer: Friese Pers Boekerij
ISBN: 9789033006791
Priis: € 5,00
Hanneke de Jong krige yn 2010 de Simke Kloostermanpriis foar it boek

Oer it boek
‘Dit is myn sus'. Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean lieten. Freya joech hjir en dêr in hân. Se hearde nammen, seach gesichten mar wie alles daliks wer fergetten. It wie sa oerweldigjend! Se dûnsen ûnder de bleate himel, de stjerren skitteren tusken de diskolampen troch, as de muzyk in bytsje minder hurd wie hearde se it rûzjen fan de see en se fielde hoe't de wyn har troch it hier streake.

 

Lees meer: Salsafamke

It Achterhûs

Yn 't maaiesintsje

It Achterhûs

Skriuwster: Anne Frank
Oersetter: Jacobus Q. Smink
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 9217 605 9
Priis: Oant en mei 30 juny € 12,50, dêrnei € 17,50

De nije Fryske edysje fan It Achterhûs fan Anne Frank.
Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne.

Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy’t de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy’t yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne.

Lees meer: It Achterhûs

In frjemd aai

Yn 't aprilsintsje

In frjemd aai

Teks en yllustraasjes: Emily Gravett
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062737949
Priis: € 7,50 (oanbieding)

Alle fûgels ha in aai lein, allinne ein net, logysk want hy is in mantsje. Gelokkich fynt er in aai, hiel grut en mei griene stippen. Foar him it moaiste aai fan de wrâld, mar de oare fûgels laitsje him út. It iene aai nei it oare brekt iepen en der komme allegear ferskillende pykjes út. Ein moat lang wachtsje, hy sit wylst geduldich te breidzjen. Dan barst ek syn aai iepen en komt der wol in hiel grut bist út.

Lees meer: In frjemd aai

Wy ha der in geitsje by

Yn 't maartsintsje

Wy ha der in geitsje by

Auteur: Marjet Huiberts

Oersetter: Hermien van der Meer
Yllustraasjes: Iris Deppe
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978-90-6273-998-1
Priis: € 7,50

Lyts printeboekje op rym

Oer it boek:

Op de bernebuorkerij ha se der in geitsje by. Thys giet der hinne te sjen. Watfoar bisten komt er tsjin? Wolst ek mei?

Lees meer: Wy ha der in geitsje by

Mol yn 'e snie

Yn ‘t febrewarissintsje

Mol yn 'e snie

Auteur: Jonathan Emmett
Yllustraasjes: Vanessa Cabban
Oersetting: Hermien van der Meer
ISBN: 90 6273 669 6
2011 2e printinge, Afûk, Ljouwert (1e printinge: 2006)
Priis: € 12,50

Oer it boek:

Alle mollebulten noch oan ta!” ropt Mol, as er boppe op syn mollebult stiet. “Wat mei dit wol net wêze?” Mol giet op ûntdekkingsreis troch it sniewite lânskip. Alles moat wol betovere wêze, dat kin net oars. Mol kuieret betovere troch oant... “Ooh!... Whooh!... Oefff!” hy by in steile heuvel del rûgelet en tsjin in beamstam oanbotst. Neat te rêden, hy is noch hiel en, o sa geweldich, hy fynt in echte diamant. Dy moat mei nei hûs. Mar oft dat slagje sil? 

Lees meer: Mol yn 'e snie

In nije heit

Yn 't jannewarissintsje
In nije heit
fan Thys Wadman

Oer it boek
De haadpersoan yn it boek is Gerke, in jonge fan likernôch tsien jier. Hy is gek op auto's en op fuotbaljen. Gerke fynt it spitich dat syn heit noait ris mei him nei it fuotbaljen ta giet en dat se net tegearre oer auto's prate kinne. Dêrom soe er eins wol in nije heit ha wolle...
Gerke is foaral gek op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Hy seit: "Ik sammelje foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.

Lees meer: In nije heit