Twa Mûzehûsboeken

Yn 't febrewarissintsje
Sam en Julia yn it teater
en
Sam en Julia en it sirkus
Twa prachtige boeken oer de aventoeren fan Sam en Julia yn it mûzehûs, yn 't febrewarissintsje
Auteur: Karina Schaapman
Oersetting: Mindert Wijnstra
Utjouwer: Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert
Oanbiedingspriis per boek: € 7,50

Sam en Julia yn it teater
Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste boek fan Karina Schaapman: It Mûzehûs, belibje nije aventoeren. Sam krijt in nij freondintsje – wat Julia net echt SUPERleuk fynt – en mei syn trijen meitsje se in foarstelling foar it teater. Mar der bart noch folle mear: Sam fynt bygelyks in hiele seldsume moaie stien… Wat soe dat no wêze? De mûzebern geane op besite by in ECHTE keunstner. Al lêzendewei sjogge wy wer in hiel soad nije keammerkes fan it mûzehûs.

Sam en Julia en it sirkus
Julia en har mem geane yn de grutte fakânsje mei it sirkus mei. Julia skriuwt yn brieven oan Sam hoe spannend dat wol net is. Se fertelt ek oer har nije freonen Enrico de clown en Sylvana it trapezefamke. Sam skriuwt har lange brieven werom, want thús yn it Mûzehûs makket er ek wer in soad mei.

Lees meer: Twa Mûzehûsboeken

Over grote beren en knuffels

yn 't jannewarissintsje
Over grote beren en knuffels (yn it Stellingwarfs, Bildts, Frysk en Nederlands)
Auteur: Xavière Kolk
Yllustraasjes: Edith Stultiens
Oersettings: Sietske Bloemhoff, Baukje Luining, Hermien van der Meer
Utjouwer: Stichting Stellingwarver Schrieversronte

Yn desimber 2015 is in bysûnder printeboek útkaam:
Over grote beren en knuffels
It boek is skreaun om it petear oan te gean oer in dreech ûnderwerp. It giet oer grutte minsken en de grinzen fan bern. Skriuwster Xavière Kolk oerlange it earste eksimplaar oan Sietske Poepjes, deputearre foar taal en kultuer fan de provinsje Fryslân.

It printeboek is bedoeld foar âlders én bern. Xavière Kolk skreau dit boekje tegearre mei har soantsje Daniël fan 8 jier. Nei ’t Daniël twa jier lyn sa flink wie om syn geheim te fertellen woe er meihelpe om oare bern te beskermjen tsjin grutte bearen.
It boekje is skreaun fanút de belibbing fan lytse bear; in jonkje dat graach wol dat syn âlders grutsk op him binne. Op in dei freget de Grutte bear út syn strjitte oft hy der efkes yn komt. Lytse bear wol net bretaal wêze. Dus hy giet mei yn ’e hûs. As lytse bear letter bûten komt is er net mear bliid. En ynienen pisset er nachts op bêd yn ’e broek. Ek hat er nachtmerjes en is er samar lilk op mem.

Lees meer: Over grote beren en knuffels

Stille nacht, wûndernacht

Yn ’t desimbersintsje
Stille nacht wûndernacht
Krystferhalen en mear
Want,
by Krysttiid hearre ferhalen!

Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen.
It is prachtige útjefte fan Yke Reeder (byldzjend keunstner), De Vries & Luiks (foarmjouwing) en tweintich Fryske skriuwers. In berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen. Thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Der steane ek ferskes en toanielstikjes yn dit kleurrike en ôfwikseljende boek.

De bydragen binne skreaun troch Anne van Stien, Froon Akker, Jelle Bangma, Maike Bouma, Yttje Cnossen, Ysbrand Drost, Lida Dykstra, Jurjen Faber, Berber van der Geest, Anny de Jong, Hilly Keidel, Douwe Kootstra, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Margryt Poortstra, Jeltsje van der Schaaf, Albertina Soepboer, Matty de Vries, Jeannette Westra en Mindert Wijnstra.
Meielkoar ha se der in kleurryk en ôfwikselkjend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

It boek is yndield yn trije leeftydsgroepen: foar de ûnderbou, de middenbou en de boppebou.
It begjint mei it Krystferhaal út it Lukasevangeelje, bewurke troch Berber van der Geest.
Om alfêst yn de krystsfear te kommen kin dat ferhaal downloaden wurde, lykas in ferhaal fan Matty de Vries (sjoch hjirûner by 'Lees meer').
Stille nacht wûndernacht is te keap by de boekhannels yn Fryslân foar € 14,95

Lees meer: Stille nacht, wûndernacht

Tsien lytse hekskes

Yn 't novimbersintsje

Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Jung Hee Spetter
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 9789056151126
Priis: € 12,90

In printeboek oer tsien lytse hekskes dy’t stik foar stik yn sokke nuvere sitewaasjes telâne komme, dat der hieltyd ien minder oerbliuwt. Gelokkich toveret mem heks oan ‘e ein – Simsala bimsala boem!- alle suskes wer nei hûs.

Lees meer: Tsien lytse hekskes

It grutte foarlêsboek

Yn 't oktobersintsje

Mei ferhalen fan ferskate auteurs
Tekeningen fan ferskate yllustratoaren
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 966 0
Priis: € 19,50

It is jûns wer betiid tsjuster. Tiid foar ferhalen, lekker smûk op de bank.
Pak dan It Grutte Foarlêsboek derby mei ferhalen foar lytse en grutte(re) bern.
Yn dat boek steane de moaiste ferhalen oer fan alles en noch wat: in knyn dy't de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear. Foar âlders dy't graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels! Mar leafst 23 skriuwers en 22 yllustratoaren ha oan dit prachtige boek meiwurke.

Lees meer: It grutte foarlêsboek

It aldermoaiste kado

Yn 't septimbersintsje

Auteur: Jonathan Emmet
Yllustraasjes: Vanessa Caban
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 90 6273 771 0
Priis: € 12,95

Oer freonskip yn 'e hjerst
It is kâld en wiet bûtendoar en Mol wol dan ek it leafst ûnder de grûn bliuwe. Mar hy mist syn freonen, foaral Knyn. Hy sil in gong grave om by Knyn op besite te gean.
Underweis komt er Iikhoarn en Stikelbaarch tsjin. Sy geane graach mei. Se nimme allegear wat foar Knyn mei, mar Mol hat it aldermoaiste kado meinommen: Knyn syn freonen.

Lees meer: It aldermoaiste kado

Fryske Frijbûtsers

De aventoeren fan Oebele en Abele

en yn it Nederlânsk
De avonturen van Oebele en Abele, Friese Frijbuiters

Yn 't augustussintsje

Tekst en yllustraasjes: Aart Cornelissen
Utjouwer: Afûk
ISBN: 9789492176011 (Frysk)
ISBN: 9789492176028 (Ned.)
Ferkeappriis: € 5,95
Leeftyd: 8 - 80

Dit humoristyske stripboek giet oer de Fryske Frijheid.
De striid tusken de Friezen sels en tusken de Friezen en de Greve Willem IV fan Hollân steane dêrby sintraal. Mei in fette knypeach wurdt ek it ûntstean fan guon Fryske tradysjes en sporten útlein, lykas it fierljeppen, it aaisykjen en it keatsen. Sels it wynmûnedebat komt oan bod! Fiere ‘foarâlden’ fan bekende Friezen spylje in rol yn it ferhaal: de bruorren Ankersma, Paulus Pietersma, Geert Makkinga en Chris Wassenaar.

Lees meer: Fryske Frijbûtsers