Sin oan

Yn 't novimbersintsje

Dichter: Jurjen van der Meer
Yllustraasjes: Maaike van den Akker en Lip Ferwerda
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 978 90 8954 997 6
Priis: € 14,95

De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen van it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. By de 'Pas op...'gedichten hat Maaike van den Akker de yllustraasjes makke, by de 'Op in...'gedichten, Lip Ferwerda. Fierder binne in tritichtal frije fersen opnaam. Jurjen skriuwt fersen mei in knypeach. In foarbyld:

Skake

Ale-Jan is net sa'n sporter.
Hy sit leaver op 'e stoel.
Hat in hekel oan bewegen.
Inkeld skaken fynt er cool.

Wurch dat wol er eins net wurde,
hat him altyd min foldien.
En al mei er ek graach damje,
skaken stiet op nûmer ien.

Middeis draaft er fluch út skoalle.
As in spear nei pake Sjoerd.
Beppe dy hat tee en koekjes,
pake sit al by it boerd.

En op woansdei fytst ús Ale
nei syn klup yn Ljouwert ta.
It is fyftjin kilometer,
mar dat is no ienkear sa.

Sneons sit Ale oan de rimen,
roeit er nei buorman oer de feart.
Dy kin ek geweldich skake,
hat in protte fan him leard.

Drave, fleane, fytse, roeie,
elke dei dan is it raak.
Om mar op 'e tiid te kommen,
foar in rêstich potsje skaak.

Oer de skriuwer:
Jurjen van der Meer (1957) is berne yn Skearnegoutum, mar wennet syn hiele libben al yn Terkaple-Eagmaryp. Hy publisearre twa dichtbondels: Yn 'e fierte (1986, poëzij foar folwoeksenen) en Freedtemiddei frij (1996, poëzij foar bern) en in pear berneboeken. Hy hat him de lêste jierren talein op it skriuwen fan lieten en edukatyf materiaal. Jurjen hat lang foar de klasse stien. Op dit stuit is er einredakteur fan it tydskrift Tsjek by Cedin Drachten. Fierder skriuwt er teksten foar Omrop Fryslân, wurke er mei oan Studio F, Tomke en is er dwaande mei teaterproduksjes. Jurjen is troud, hat twa folwoeksen bern, fjouwer pakesizzers, spilet gitaar en mei graach yn it fjild omstrune.