De huodsjes fan Mata-Hari

yn 't oktobersintsje

Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid 2017

Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert
Hurd kaft, foar 10+
ISBN: 9789492052377
Priis: oant en mei 31 oktober foar € 4,95, dêrnei € 14,95

Yn it printe- en lêsboek De huodsjes fan Mata-Hari fertelle de huodsjes meiïnoar it libbensferhaal fan har eigneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishoed wit hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

De huodsjes fan Mata-Hari, skreaun troch de faak bekroande berneboekeskriuwster Lida Dykstra, is in ryk yllustrearre sjochboek fol autentike foto's en ansichtkaarten, mar ek mei skitterende nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.

 

Oer de skriuwster
Lida Dykstra (1961) studearre oan de Reinwardt Akademy (HBO foar museummeiwurkers) yn Leiden en dêrnei keunstskiednis en argeology oan de universiteit fan Leiden.
Lida wie projektmeiwurkster by de Stichting ‘Monument van de Maand’ te Ljouwert en dêrnei konservator yn it museum op ’e Jouwer. Se begûn mei it skriuwen fan berneboeken nei de berte fan dochter Ingeborg yn 1992 en sûnt is se fulltime skriuwster. Se wennet mei har man Henk op ’e Knipe, in Frysk doarp ûnder de reek fan It Hearrenfean. Ingeborg is wylst de doar al út.
Har earste boek wie: Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (1994)
Lida har memmetaal is it Frysk mar Frysk skriuwen learde se pas op har tritichste. Hjoeddedei skriuwt se yn it Frysk en it Nederlânsk. Se soarget sels foar de oersettings fan har boeken fan de iene nei de oare taal. Krekt sa ’t it útkomt.
Lida skriuwt foar bern fan 2 oant 14 jier, foar de jeugd en ek foar folwoeksenen. Har printeboeken binne juwieltsjes, ek troch de gearwurking mei ferskate bekende yllustratoaren.
Oan de ûnderwerpen fan har boeken kinne je ôflêze dat de skriuwster fisueel ynsteld is. In ympresje of in skilderij kin har tige ynspirearje. Se tinkt yn plaatsjes. Yn it boek Wolken fan wol stiet in stik tekst ûnderstboppest wannear’t de haadpersoan de wrâld ûnderstboppest besjocht. Fan sokke wurdgrapkes genietet Lida.
Har boek De skat fan Jonker Jan is opnij útbrocht yn de ‘Protter rige’ foar skoallen (te fergelykjen mei de Nederlânske ‘Lijsters’) en it is ek ferskynd as harkboek. Yn de Sweltsjerige is fan de skriuwster it dieltsje Ridder Jet útkaam.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.lidadijkstra.nl en www.tantetjits.nl.

Oer de yllustratrise
Natascha Stenvert (1971) folge in oplieding oan de akademy foar bydzjende keunst en foarmjouwing Minerva, yn Grins. Yn 1995 studearre se ôf yn de rjochting 'yllustraasje'. Yn har lêste stúdzjejier (1995) wûn Natascha in yllustraasjewedstriid fan útjouwerij Lemniscaat. Dat joech har de kâns om har earste echte printeboek te meitsjen: earst as geskinkboekje, letter as hard-cover printeboek (Het lelijke jonge eendje, fan H.C.Andersen). De trije dochters fan Natascha binne de grutte ynspiraasjeboarne foar har wurk. De famkes helpe har soms ek by it yllustrearjen.
Natascha hat earder ek al de yllustraasjes by de aksjeboeken Knipperke (2012, Lida Dykstra) en De bisteboel fan omke Roel (2011, Thys Wadman, Kees en Hindrik van der Meer) makke.