Spetter spetter... en oare ferskes

Yn 't july/augustussintsje

Ferskes fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra
Yllustraasjes Linda de Haan
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 92716 54 7
Priis: € 9,95

De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne tweintich jier.
Tomke hat se sels útsocht.

 

Fan Geartsje Douma (Heech, 1956) ferskynde yn 2000 de earste bondel (+ twa cd’s) Deuntsjes foar dy, dy’t se yn gearwurking mei Hindrik van der Meer skreau. Njonken it meitsjen fan berneferskes skriuwt se ek berneferhalen (Wemke). Boppedat wurket se al jierren mei oan de Tomkerige.

Riemkje Pitstra (1994, Noordwijk) skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar Marten de Mûs, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn 2004 ferskynde by de Afûk in rige tema-útjeften foar pjutten mei teksten fan har. De boekjes hawwe ûnderwerpen dy’t ticht by de libbenswrâld fan lytse bern steane. Riemkje is de fêste skriuwster fan de Tomke- en Romkeferhalen.

Auck Peanstra (1954 - 2016) skreau foar bern/jeugd yn de leeftyd fan 2 oant 16 jier. Nei har earste boek, Melle moat in bril ha yn 1993, ferskynde hast alle jierren in nije útjefte. Yn 1998 krige se foar Yn piama de dyk oer de Simke Kloostermanpriis. Yn 2001 en 2007 folgen twa nominaasje foar dy priis. Ek krige se trije kear de Sulveren Spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery. Lykas Riemkje wie sy de fêste skriuwster foar de Tomke- en Romkeferhalen.

Jurjen van der Meer (1957, Skearnegoutum), is in Frysk (tekst)skriuwer en ûnderwizer. Hy skriuwt gedichten foar de jeugd (Freedtemiddei frij) en foar it Taalsintrum Frysk wurket er mei oan de útjefte fan taalmetoaden (en boekjes) yn it basisûnderwiis.

Hindrik van der Meer (1938, Bantegea) is skriuwer en útfierder fan Fryske (berne)ferskes. Der binne trije platen (letter cd’s) mei byhearrende boeken mei bernelieten fan him útbrocht. Tegearre mei Geartsje Douma, dy’t de teksten fan de ferskes skreau, hat Van der Meer in tekstboek en twa cd’s produsearre ûnder de titel Deuntsjes foar dy 1 en 2 mei 107 nije ferskes foar beukers.

Fan Linda de Haan (1976, Burgum) ferskynde yn 2000 it earste printeboek Kening & Kening. Dat debút makke se yn gearwurking mei Stern Nijland. It moderne mearke, mei in bysûndere plot, waard ek yn it bûtenlân goed ûntfongen. It is yn 10 talen oerset. Op it heden wurket Linda as full time yllustrator. Se tekenet foar metoades foar it basis- en middelber ûnderwiis en foar de Afûk yllustrearre se in rige geskinkboekjes. Yn opdracht fan Omrop Fryslân hat Linda mear as 125 ôfleverings foar it berneprogram Fratsen tekene, in tekenfilmsearje oer twa buorbern dy’t spannende avontoeren belibje.