Tsjilp!

Yn 't junysintsje

Auteur: Eppie Dam
Yllustraasjes: Lienke Boot
Foarmjouwing: Ankemarije Dam
Utjouwer: De Rijp
ISBN: 9789081581844
Priis: € 12,00
55 siden, hardcover

Mei 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters.
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.

 

Oer de skriuwer
Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgys wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy wie likernôch 35 jier skoalmaster mar no hâldt er him fulltime dwaande mei meardere foarmen fan skriuwen.
Fleur en humor binne te finen yn Eppie Dam syn berneboeken. Ek oer de drege dingen fan it bestean, lykas sykte en dea, skriuwt er op in manier dy’t net swiersettich is. Nochal wat bern binne grut wurden, of ha sels Frysk lêzen leard, mei syn ferhalebondels Spinaazje mei spikers (1986), Mei bleate fuotten op bêd (1990) en Tachtich yn ’e bocht (1995). Letter waarden de bêste ferhalen út dy trije boeken opnij útjûn ûnder de titels Lytse man (2007) en De elandkop fan omke Romke (2009). As berneboekeskriuwer bestrykt Eppie Dam in breed palet: fan sfearfolle boekjes foar de alderlytsten oant en mei tsjokke jeugdromans. Mei byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke er yn 1999 Dingeman krijt wjukken, yn 2001 goed foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2012 debutearren beide as printeboekmakker, mei it ferskinen fan Fjouwer dappere mûskes, it jier dêrop nominearre foar deselde priis. Yn 2014 krige Eppie Dam foar ‘De mûskes’ it IBBY Certificate of Honour for Writing, en hearde it boek dat jier by de bêste fyftich berneboeken wrâldwiid.

Oer de yllustrator
Lienke Boot is ek al mear as tweintich jier wurksum yn it basisûnderwiis.
Op it heden is se njonken groepslearkrêft fan groep 5/6 op KBS de Skutslús te Starum, ek ien dei yn ’e wike oan it wurk as ûnderwiiskundich BICT-er op it ûnderwiisburo fan Nije Gaast.
Boppedat is Lienke bekend as byldzjend keunstner. Sa makke se earder al pintekeningen foar twa Fryske fersebondels, de earste kear fan fûgels, letter fan planten. Foar Tsjilp! lei se har ta op de technyk fan it linoaleumsnijen. It ambachtlike mearkleureprintsjen hat soarge foar prachtige resultaten.