Wês net bang

(mar wol foarsichtich)

yn 't febrewaris/maart sintsje

Auteur: Hanneke de Jong
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176400
Priis: € 8,50
Leeftyd: 12 jier en âlder
It boek slút oan by it projekt: LêsNo

Wês net bang, fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan op har flecht fan Syrië nei Nederlân. Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.
Ut it boek:
Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! 'Wês net bang,' seit er, 'mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.' Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. 'Gean no, wy hearre fan dy.' 'Goeie heit.' Se krûpt him eefkes oan. 'Dach leave dochter.' Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.

Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As se dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy't har helpe wolle? Sil se Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?

Mear as 4000 learlingen fan 31 skoallen, ha fan 10 jannewaris 2017 ôf seis wiken dwaande west mei LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

It LêsNo projekt bestie dit jier út de dramasearje Bosk, it boek Wês net bang (mar wol foarsichtich), in audio- en meilêsferzje fan it boek en in lesbrief passend by it boek en de searje. Doel fan it projekt is het fergrutsjen fan de lêswille by de doelgroep. It projekt is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

Oer de skriuwster
Hanneke de Jong, berne yn 1952 yn Aldetrine, is twatalich: Frysk en Nederlânsk.
Se wie earst learares op in basisskoalle. Dêrnei hat se in stúdzje Frysk dien en begûn se mei it skriuwen fan mearkes. Nei fiif mearkes wie de útdaging der in bytsje ôf. Hanneke fûn dat der fierstente min Fryske boeken foar de jeugd skreaun waarden en dêrom pakte se sels de pinne op. Se skriuwt meast foar bern yn de boppebou fan de basisskoalle en foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Yn 1999 kaam bygelyks De lêste brief (yn it Nederlânsk oerset as De laatste brief) út. Fan dat boek is sels in toanielstik makke dat yn in soad teaters opfierd is. Ze wûn mei it boek de Sulveren Spjeld fan de Jeugdboekesjuery. Yn 2002 waard de Nederlânske ferzje bekroand mei in earfolle fermelding fan de ‘Gouden Zoenjury’.
No hat se meardere boeken yn it Frysk skreaun en oerset yn it Nederlânsk (bygelyks: De betoverhoed yn Mira en de betoverhoed en Salsafamke yn Salsameisje). Se hat ek in boek skreaun mei Dolf Verroen (û.a. fan Slaaf kindje slaaf), om’t se it spitich fûn dat je skriuwen hast altyd allinne dogge. Se stjoerde him gewoan in e-mail mei de fraach oft hy mei har in boek skriuwe woe en hy sei fuort ja! De skriuwster hat twa kear de Simke Kloostermanpriis wûn, de literatuerpriis foar Frysktalige jeugdliteratuer dy't ien kear yn de trije jier útrikt wurdt. Dat wie foar Salsafamke yn 2010 en foar Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen yn 2016. Sûnt trije jier is Hanneke ek 'Schoolschrijver', in projekt om it lêzen en skriuwen (yn it Nederlânsk en Frysk) op basisskoallen te befoarderjen.
As Hanneke de Jong in goeie bui hat skriuwt se ‘op fleugeltsjes’. En no’t se beppe is hellet se har ynspiraasje grif ek út har bernsbern!
Mear ynformaasje oer Hanneke de Jong stiet op www.hannekedejong.frl.