Firalen en Oanfal

Yn 't jannewarissintsje

Auteur: Kathy Reichs
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 9789089548467 en 9789089549198
Priis: Firalen € 19,95
Priis: Oanfal € 22,50

Firalen (diel I yn de rige) is in magysk en tige spannend fantasyferhaal.
Yn it spannende twadde diel Oanfal sykje Tory en har freonen om in ferburgen pirateskat.

Oer Firalen
(yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar)

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.
Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.
Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.
Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen.

Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfekteard mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.

Oer Oanfal (yn it Frysk oerset troch Ytje Hoekstra)

In leginde fan 300 jier ferlyn.
It thúsplak fan de Firalen op Loggerhead Island wurdt bedrige. Inkeld in slompe jild kin de minsken en bisten dêre noch rêde.
Der geane âlde ferhalen oer in stoere froulike piraat dy’t in skat ferstoppe hat yn Charleston. Gjinien wit wêre, mar Tory Brennan – it achternichtsje fan de forinsysk antropologe Dr. Temperance Brennan – is der wis fan dat de Firalen de kryptyske oanwizingen wol ûntraffelje kinne.
In paad nei de dea
Al gau sitte de Firalen op it goede spoar. Mar sy binne de iennigen net dy’t om de skat sykje. Se wurde efterfolge troch lju dy’t der alles foar oer hawwe om de bút yn hannen te krijen.
Der komme liken op it paad te lizzen. It eilân sil ferkocht wurde, der is te min tiid.
Kinne de Firalen it mei harren spesjale krêften wol oprêde?

Oer Kathy Reichs

Kathleen Joan Toelle (Kathy) Reichs (Chicago, 7 juli 1948) is in Amerikaansk forensysk antropologe en skriuwster fan detektiveferhalen dy’t yn Kanada mar ek yn de Feriene Steaten wennet en wurket. Har eigen libben hat in soad oerienkomsten mei dat fan de heldin fan har skrillers, Temperance Brennan, dy’t ek in forensysk antropologe is. En krektlyk as Brennan wurket Reichs yn Noard Karolina yn it suden fan de Feriene Steaten en yn de Kanadeeske stêd Montreal. Reichs is dêrnjonken heechlearaar antropology oan de Universiteit fan Noard Karolina yn Charlotte.
Oer Temperance Brennan wurdt sûnt 2005 in suksesfolle televyzjeseary útstjoerd mei as titel: Bones.