Krystferhalen en mear

út Stille nacht wûndernacht
yn 't desimbersintsje
Want,
by Krysttiid hearre ferhalen!

Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen.
It is prachtige útjefte fan Yke Reeder (byldzjend keunstner), De Vries & Luiks (foarmjouwing) en tweintich Fryske skriuwers. In berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen. Thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Der steane ek ferskes en toanielstikjes yn dit kleurrike en ôfwikseljende boek.

De bydragen binne skreaun troch Anne van Stien, Froon Akker, Jelle Bangma, Maike Bouma, Yttje Cnossen, Ysbrand Drost, Lida Dykstra, Jurjen Faber, Berber van der Geest, Anny de Jong, Hilly Keidel, Douwe Kootstra, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Margryt Poortstra, Jeltsje van der Schaaf, Albertina Soepboer, Matty de Vries, Jeannette Westra en Mindert Wijnstra.
Meielkoar ha se der in kleurryk en ôfwikselkjend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

It boek is yndield yn trije leeftydsgroepen: foar de ûnderbou, de middenbou en de boppebou.
It begjint mei it Krystferhaal út it Lukasevangeelje, bewurke troch Berber van der Geest.
Om alfêst yn de krystsfear te kommen kin dat ferhaal downloaden wurde, lykas in ferhaal fan Matty de Vries (sjoch hjirûner by 'Lees meer').
Stille nacht wûndernacht is te keap by de boekhannels yn Fryslân foar € 14,95

 


In aventoerlike reis
fan Berber van der Geest

Yn dy dagen joech keizer Augustus it befel om in folkstelling te hâlden: alle ynwenners fan it Romeinske Ryk moasten har melde yn de stêd dêr’t harren foarâlden wei kamen.
Joazef dy’t út de neiteam fan David stamme, soe mei syn frou Maria fan de stêd Nazaret alhiel nei Betlehem ta moatte. En om’t se in lytse poppe ferwachten, makken se har mei gauwens ree foar de ôfreis. Maria naam wat iten en kleanguod mei; Joazef krige syn ezeltsje by de leie.

En doe’t se dan te Betlehem oankamen en har nammen ynskreaun hienen, sochten se sliepplak foar de nacht. Mar de stêd siet oerrinnende fol reizgers. Ek by de herberch dêr’t hja oankloppen, wie gjin inkeld plakje mear frij.
‘Hjir achterút yn it lân, efkes bûten de stedspoarte, dêr stiet noch in lege bistestâl’, oppere de kastlein. ‘Miskien dat dat wat foar jimme is?’
Ynein strompelen Joazef en Maria efkes letter de stâl yn. Yn ’e hoeke lei inokse te sliepen.
Set ik ús ezel dêrnjonken, tocht Joazef. Skodzje ik wat strie op; hawwe wy in moai sliepplak foar de nacht. ‘O, Joazef’, suchte Maria. ‘Stel dat fannacht ús berntsje ris komme mocht…’

En sjoch: it wûnder barde. Midden yn de nacht wie it safier: Jezus waard berne; Jezus, de soan fan God; Jezus dy’t ienris Kening wurde soe fan alle minsken op ierde.
Maria wuolle it bern yn doeken; Joazef lei it yn de krêbe.
En hja bûgden de holle en seine tank foar dit godlike geskink dat harren tabetroud wie.

De hoeders en de ingels
Dy nachts, doe’t der yn de omkriten fan Betlehem hoeders bûten bleaunen om by har skiep yn it fjild de wacht te hâlden, ferskynde harren yn in krânse fan ljocht in ingel.
De hoeders waarden kjel en sloegen de hannen foar de eagen. Mar de ingel spruts: ‘Wês net bang, want ik ha in bliid boadskip foar jimme. Fannacht is yn de stêd fan David de Ferlosser berne: Jezus, de soan fan God. Jimme sille him fine yn in krêbe, bewuolle yn doeken’.
Wûndermoaie muzyk klonk der doe boppe harren yn de loft. In ingelekoar song: ‘Eare oan God yn de himel en frede op ierde oan de minsken fan goede wil’.
Stadichoan waard de muzyk doe wer wei achter de wolken en fleach it koar werom nei de himel. De hoeders wienen der stil fan. ‘Mar kom’, sei de âldste hoeder. ‘Lit ús nei Betlehem ta gean, dan kinne wy sjen en hearre oft it wier is wat de ingel ús sein hat’.

Al moai gau fûnen de hoeders Maria en Joazef yn de stâl. En it wie sa’t de ingel sein hie: it berntsje Jezus lei yn in krêbe yn doeken bewuolle. Fol fan ferwûndering stiene se dêr, de hoeders. Wat in moai berntsje is it, tochten se; wat is it leaf.
Hja fertelden fan wat sy allegearre yn it fjild belibbe hienen; fan de ingel en it ingelekoar en fan de muzyk. Joazef en Maria glimken de hoeders ta en betanken har foar de komst.

En doe’t de hoeders ôfskie namen en wer nei har skiep yn it fjild weromkearden, fertelden se oan in elk dy’t it mar hearre woe det de Ferlosser berne wie: Jezus, de soan fan God.

Krystferhaal
fan Matty de Vries

'Jonges, no net mear achter de kompjûter, jimme ha der lang genôch achter sitten. Eefkes wat oars no, hup nei bûten, it is fris, mar it is moai waar'.
'Mem, meie wy yn ’e skuorre boartsje?’
‘Ja wis wol, jonge. Ik bin aansent fuort, mar ik rop wol as it iterstiid is’.
Karst rint mei Durk en Wytse de keamer út. Se ha fekânsje. Moarn is it krysttiid. En jûn geane se nei tsjerke, hiel let, wol om alve oere. Dêr hat Karst o sa’n sin oan. Durk en Wytse sille by him sliepe fannacht. Dat wurdt let op bêd, hyp hoi.
‘Mau’. Jelle skarrelet har yn ’e gong foarby
Mem set ôf yn de auto. Noch even by in freondin del, de lêste boadskippen foar de kommende dagen…
‘Wat sille wy boartsje?’freget Durk. ‘Sille we boartsje dat wy robotten binne? en dan rinne wy yn it hea, sûnder dat we der erch yn ha’.
‘Eh nee, lit ús boartsje dat eh…’, begjint Wytse, ‘dat eh…’
‘Ik wit it!’ seit Karst. ‘Wy boartsje krystjûn!’
‘Okee, mar hoe dan?’
‘No, we meitsje in herberch yn it hea, dêr leit Nazaret en oan dy kant Betlehem… We helje Eppy derby’.
‘Eppy? Mei dat wol?’ freget Wytse.
‘Jawol, dat fynt heit wol goed’, seit Karst.
‘En wa wienen der noch mear…’
‘In keppel skiep, hoeders, en in stjer’.
‘We kinne de lampe even oandwaan, dan wie dat de stjer’.
‘In okse’.
‘Hm’.
‘No, dy tinke wy der dan wol by’.
‘Do wurkest yn Betlehem, Wytse, okee? Do hiest in herberch en dêr koenen wy sliepe’.
‘Nee’, seit Wytse, ‘ik hie inkafee mei muzyk’.
‘Ek goed. En do, wolsto Joazef wêze, Durk?’
Dat wol Durk wol. ‘En wa is dan Maria?’
‘No… dan bin ik Maria’, seit Karst.
Se laitsje alle trije. Ha ha, Karst is Maria. Ha, dy is goed.
‘We helje wat âlde klean op, in pet fan heit, in jas fan mem, dy  kin ik moai oan ha. Foar de kafeebaas is der wol in lytse radio en in skelk yn ’e keuken.
En Joazef… Joazef kin wol in overal fan heit oan ha. Hy wie ommers timmerman’.
Dêr giet it hinne, de klean wurde byinoar socht, Maria kriget noch in moaie sjaal om, Joazef de pet fan heit op en de kafeebaas is prachtich yn ‘e blomkeskelk. Se ha s’n wille.
‘No om Eppy út’, seit Karst.
Eppy hat it der net op stean, hy wol net om lyk. Mar as Karst him wat biks foar de bek hâldt, komt de âld ezel mei.
Karst set Eppy fêst oan in tou en dan moatte der skiep komme.
‘Mei dat wol…?’ freget Wytse wer.
‘Jawol’, seit Karst. Mar hy is der net hielendal wis fan.
Heit is achter de pleats oan it wurk. Hy mei har net sjen, want as heit witte soe…
‘Kom mar’, seit Karst, ‘sacht jonges, oars skrikke de skiep’.
Mar hy bedoelt: ‘Oars skrik ik sels. En oars heart heit ús’.
Foarsichtich dogge se de doar ticht en dêr geane se, de kjeld yn.

‘Ha, boefkes! Wat sjogge jim der moai út!’
Help. Heit.
‘Wat sil dit…?’
‘Eh, wy woenen even by de skiep sjen’, seit Durk gau.
‘No moai, mar lekker boartsje’, seit heit. ‘Jimme sjogge der prachtich út’.
‘Mei it?’ freget Wytse nochris.
‘Eh, se steane neist de keuken’, seit Karst.
Foarsichtich nimme se twa skiep mei.
Heit is alwer fuort, mem noch net werom, gau wer nei de skuorre, gjinien te sjen, hurd…
Sa, no is it spul kompleet. De skiep wurde fêst yn Betlehem delset.
‘Moai’, seit Durk. ‘Kom op, Maria, wy geane nei Betlehem, wy moatte út ynskriuwe litte, ommers. Foarsichtich, do bist yn ferwachting, frou. Hi hi…’
Maria hat in bult hea ûnder de jas, hja rint in bytsje rûngear, it liket krekt echt.
‘Kin dat net op de mail?’ freget Maria, ‘hi hi. En kinne we net mei in taksy?’
‘Eppy wie ús taksy. Kom, Eppy, hup, we moatte noch in hiel ein’.
Mar Eppy ferset gjin poat. Wat in dwarsbongel.
‘Hoe komme wy no yn Betlehem, Joazef?’
‘Ik wit wat, frou, we dogge de Moonwalk fan Michael Jackson, dan rinne we njonken de ezel en dan komme wy der fansels. Ik set de tomtom oan, dy jout de koartste wei wol oan’.
En dêr geane se. Joazef docht de stim fan de tomtom nei: ‘Jo geane rjochttroch by de stopljochten’.
‘Ik wol graach mei in taksy’, jammeret Maria, ‘it bern komt hast, leau ik’.
Joazef hellet de kroade. ‘Gean mar lizzen, frou, it komt no dochs noch net?’ freget er gnizend.
Se sitte Eppy achter yn Nazaret.

It waard al tsjuster en jimme gienen hurder as dat jim tochten’, ropt Wytse. Hy wurdt wat ûngeduerich. Hy wol net sa lang wachtsje foardat hy oan bar komt.
Maria en Joazef ride it hiele ein en prebearje hjir en dêr wat herbergen. Mar alles is fol.
Dan komme se by it kafee fan Wytse. Se klopje oan. Mar Wytse heart sabeare neat, hy hat de radio lûd oan. Dan rydt Joazef mei de kroade it kafee yn.
‘Goeie. Ha jo noch in plakje foar ús? Alle herbergen binne fol’.
‘Nee. Helaas pindakaas. Jimme kinne der net mear by’, ropt de kafeebaas. ‘Mar ik haw noch wol in stâl achter it kafee, dêr meie jimme wol sliepe. It is net hiel grut, mar it is der wol waarm, der steane wat bisten. Moai muzykje, hin? Wat no, krije jo in berntsje?’
‘Ja’, gichelet Maria. ‘Ha jo wol pampers by jo…?’
‘It sil allegear wol goed komme’, seit Maria.
‘Moai dat we fannacht yn jo stâl sliepe kinne’, seit Joazef. ‘Tige by tige. En kin de muzyk wat sachter, oars kinne wy net sliepe’.
‘Gjin probleem’, seit de kafeebaas.
Maria en Joazef jouwe har del yn it hea, njonken de skiep.
‘Wat moat ik no’, seit Wytse’, no hi ik neat mear te dwaan’. Hy docht de radio wer wat lûder.
‘Even wachtsje’, seit Joazef. ‘Maria moat earst in bern krije’.
‘Mar we ha noch gjin bern! Wa moat no bern wêze…?’
‘Ikke net’, seit Wytse, ‘der moat in pop of sa komme’.
‘Mar dat is net leuk’, seit Joazef. ‘It moat echt wêze’.
‘Ik fiel in wee’, ropt Maria, ‘it is safier… au. Wat moat ik no dwaan?’
‘Flink wêze, frou’, seit Joazef, ‘ik hâld dyn hân wol beet’.
‘Ik wit wat!’ ropt Wytse ynienen. ‘Jelle…!’
‘Huh…?’
Troch de lêde muzyk hearre Joazef en Maria net krekt wat Wytse seit.
‘Ja… Jelle kin moai Jezus wêze. Hy fynt it grif wol lekker waarm yn it hea. En hy is in jonkje’.
‘Kom mar, Jelle, do bist krekt berne’, seit Wytse en hy leit Jelle yn in waarm holtsje yn it hea. ‘Wat in skatsje, Maria. Ta ta ta’.
Jelle rekt him ris út. ‘Mar ik hie noch gjin bern’, seit Maria. ‘Ik moat earst befalle’.
‘Mau’, seit Jelle.
‘En de hoeders dan, wa moatte dat no wêze… En der wienen ek noch keningen en goud en sa… en wy binne de stjer fergetten… it giet hielendal net sa as it wie, dan fyn ik der neat mear oan’, seit Wytse.
‘Wytse, wachtsje even, dêr komt wer in fleach…’
‘Jonges… Ite!’ ropt mem.
O, dêr is mem wer, is it al sa let?
‘Sitte jimme noch yn ‘e skuorre…? Wat in lawaai… Och leave santjin, wat hawwe jimme by de ein?’
‘Wy boartsje krystjûn’, seit Karst. ‘En Maria is krekt oan it befallen’.
Mem laket har slop. ‘Goeie Maria’, seit se. ‘Goeie Joazef. En wa binne jo?’
‘Ik bin de eigner fan it kafee’, seit Wytse mei in reade kop boppe de blomkeskelk. ‘En Jelle is…’
‘Ha ha, jimme binne kûkerts!’ laket mem. ‘Jelle is Jezus, seker. Geweldich. No, jimme kinne wol boartsje, prachtich…’
Meie wy de klean oanhâlde?’freget Durk.
‘Ja, wis wol’, seit mem. ‘Kom mar gau, de bamy wurdt kâld’.

En sa sitte Joazef en Maria en de kafeebaas dy krystjûn oan tafel. Jezus is nei bûten glûpt.
‘Dy moat noch achter de mûzen oan’, seit heit.