Wenje yn in skilderij

yn 't novimbersintsje

Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Lourens Alma Tadema
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert yn opdracht fan it Frysk Museum
ISBN: 9789492052254
Priis: 15,95

Yn it Frysk Museum te Ljouwert is oant en mei 7 febrewaris 2017 de tentoanstelling oer de ferneamde Fryske skilder Lourens Alma Tadema te sjen. Berneboekeskriuwster Lida Dykstra hat fan it museum de opdracht krigen om nei oamlieding fan dizze tentoanstelling, de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern.
De skriuwster hat besocht om Alma Tadema tichterby te bringen foar de jeugd troch de eagen fan Laurence, de âldste dochter fan skilder. Sa komme jonge lêzers mei him yn ’e kunde. Se ûnderfine hoe ’t it is om yn sa’n kreative húshâlding grut te wurden, meitsje de eksploazje fan it hûs fan de Tadema’s mei en dwale om yn it atelier. Op dy wize komme de skilderijen ta libben. Ek it plakboek fan Laurence is ûnderdiel fan it boek, mei plaatsjes, reproduksjes fan it wurk fan har heit, sketskes en foto’s.
In prachtich boek om (foar) te lêzen en in moaie oanlieding om dêrnei meielkoar nei it museum ta te gean.

It boek is geskikt foar bern fan 8 jier ôf. It is yn it Frysk en yn it Nederlânsk útjûn troch Wijdemeer, Ljouwert.
De earste eksimplaren fan de útjefte binne útdield oan learlingen fan de Sint-Radbodusskoalle yn Dronryp, om’t Alma Tadema dêr sa’n twahûndert jier lyn berne is. 
It is foar it earst yn de skiednis dat it Frysk Museum in berneboek útbrocht hat.

Tentoanstelling

De tentoanstelling yn it Frysk museum, Alma-Tadema, klassieke verleiding is te sjen oant en mei 7 febrewaris 2017. De boeken binne dêr ek te krijen yn de museumwinkel. Mar dy binne fansels ek te keap yn de boekhannel.

Underwiis
It boek spilet in wichtige rol yn it ûnderwiisprogram by de tentoanstelling: alle groepen 5 en 6 dy’t dielnimme oan it keunstmenu fan de gemeente Ljouwert krije in boek yn de klasse. Sa’n 2500 learlingen komme sa op skoalle yn ’e kunde mei de dochters fan Alma-Tadema en syn wurk.

Oer de skriuwster
Lida Dykstra (1961) studearre oan de Reinwardt Akademy (HBO foar museummeiwurkers) yn Leiden en dêrnei keunstskiednis en argeology oan de universiteit fan Leiden.
Lida wie projektmeiwurkster by de Stichting ‘Monument van de Maand’ te Ljouwert en dêrnei konservator yn it museum op ’e Jouwer. Se begûn mei it skriuwen fan berneboeken nei de berte fan dochter Ingeborg yn 1992 en sûnt is se fulltime skriuwster. Se wennet mei har man Henk op ’e Knipe, in Frysk doarp ûnder de reek fan It Hearrenfean. Ingeborg is wylst de doar al út.
Har earste boek wie: Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (1994)
Lida har memmetaal is it Frysk mar Frysk skriuwen learde se pas op har tritichste. Hjoeddedei skriuwt se yn it Frysk en it Nederlânsk. Se soarget sels foar de oersettings fan har boeken fan de iene nei de oare taal. Krekt sa ’t it útkomt.
Lida skriuwt foar bern fan 2 oant 14 jier, foar de jeugd en ek foar folwoeksenen. Har printeboeken binne juwieltsjes, ek troch de gearwurking mei ferskate bekende yllustratoaren.
Oan de ûnderwerpen fan har boeken kinne je ôflêze dat de skriuwster fisueel ynsteld is. In ympresje of in skilderij kin har tige ynspirearje. Se tinkt yn plaatsjes. Yn it boek Wolken fan wol stiet in stik tekst ûnderstboppest wannear’t de haadpersoan de wrâld ûnderstboppest besjocht. Fan sokke wurdgrapkes genietet Lida.
Har boek De skat fan Jonker Jan is opnij útbrocht yn de ‘Protter rige’ foar skoallen (te fergelykjen mei de Nederlânske ‘Lijsters’) en it is ek ferskynd as harkboek.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.lidadijkstra.nl en www.tantetjits.nl.