Tije

yn 't oktobersintsje

Tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten
Utjouwerij: Afûk, Ljouwert
96 siden, hard cover
ISBN: 9789492176271
Priis: € 14,95

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt...

In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing. Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Oer Mirjam van Houten
(út in ynterview fan Sietse de Vries yn de Ljouwerter Krante fan 2 septimber)
Mirjam van Houten wurke earder as ynternetredakteur mar hat in jier as fiif lyn it beslút naam om har baan op te sizzen en foar harsels te begjinnen.
,,Ik seach it net sitten om myn dochter fan in pear wike âld nei de opfang te bringen. Wat ek noch meispile, is dat ik fyn dat ik it min ofte mear oan myn bern ferplichte bin om te dwaan wat ik echt wol. Ik wol har it goede foarbyld jaan. Ik leau deryn dat it goed is om wurk te dwaan datst leuk fynst en dêr'st goed yn bist. As bern siet ik thús altyd te skriuwen en te tekenjen. Us heit en mem hawwe alles bewarre. Se hawwe de hiele brut lêsten fan souder helle, dat dy stiet hjir no by my. Skriften fol.
Ik wit noch dat ús heit my op in jûn fan bêd rôp om't der wat op 'e televyzje wie dat ik fêst wol sjen woe. Ivo Niehe prate mei Roald Dahl en siet by him yn de skriuwershutte. Miskien is it doe wol begûn, dat ik tocht: dat soe ik ek wol wolle.''
Mar Diet Huber hat miskien noch krekt eefkes belangriker foar har earste stappen op it skriuwers- en tekenerspaad west as Roald Dahl. ,,Ik wie in jier as tsien en ik lies De Teltsjebeam fan Diet Huber. Foar yn it boek stie it adres fan de Friese Pers Boekerij. Dêr ha'k in brief nei tastjoerd, ter attinsje fan Diet Huber. Ta myn ferbazing krige ik in skoftsje letter in lange, úttypte brief fan har werom. Dêrnei haw ik noch in pear kear oan har skreaun en altyd stjoerde se in brief werom.''

Trije jier lyn frege de Afûk nije skriuwers en yllustrators foar it meitsjen fan It grutte foarlêsboek. Mirjam stjoerde wat ferhaaltsjes en gedichten yn. De wurdearring fan de kant fan de útjouwer wie grut.
Nei oanlieding fan har bydragen oan It grutte foarlêsboek frege de Afûk Mirjam van Houten om ek ris selsstannich in boek te meitsjen. En no is koartlyn har earste berneboek útkaam: Tije, bedoeld foar bern fan in jier as njoggen, tsien. It giet oer in jonge dy't fan it plattelân nei de stêd ferhuzet, mar dêr yn earste ynstânsje gjin nocht oan hat.