Femke faalt

yn 't septimbersintsje

Auteur: Ate Grijpstra
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176264
Priis: boek € 12,50, e-book € 2,50

It earste Fryske e-book foar de jeugd wie Femke Faalt, skreaun troch Ate Grijpstra. Mar it leit no ek as gewoan lêsboek yn de winkel.

Femke faalt is it ferhaal oer in fyftjinjierrige ex-gymnasiast. Femke is frijwat talich, se drumt yn de skoalband en wurket yn in snackbar. Mei har hertsfreondin Jellien dielt se hast alles. Alles liket frij goed, mar Femke komt út in wat ûngelokkige húshâlding. Se hat sûnt se op de havo sit in minne relaasje mei har mem dy’t fynt dat se der op skoalle mei de pet nei goaid hat. Har heit sit yn fersekeringen en keapet syn ôfwêzigens ôf mei kadootsjes. Har broerke wurdt op skoalle ek wol Sjors Zombie neamd.

Net allinnich moat Femke noch wenne oan har mislearring op it vwo, se hat ek problemen mei ien fan de bandleden fan de metalband. Sjonger Douwe-Jan siket hieltyd nei oanwizings om Femke út de band te setten. De knappe gitarist Lennard komt foar har op. It docht bliken dat er in eachje op har hat. Se krije al gau ferkearing.

Op in nacht rekket se yn petear mei har broer Sjors en sa leart se him fan in oare kant kennen. Sjors wit wêrom’t harren mem sa’n iiskeninginne liket. Se hie wollen dat har dochter it fierder skopte as sy sels. It rint by Femke thús út ’e hân as útkomt dat heit in oplichter is. Se wurde thús bestoarme troch media, witte net wêr’t harren heit is en Femke komt yn in gefaarlike situaasje telâne.

Femke faalt is in flot skreaun boek en hielendal fan dizze tiid. Der sit in soad psychology achter de húshâlding dêr’t Femke út komt, mar it wurdt luchtich holden. Opboutechnysk sit it ferhaal sterk yn mekoar, wat foar de nedige spanning soarget.

Oer de skriuwer
Ate Grypstra is berne te Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre oan de Ryksuniversiteit yn Grins en joech Ingelsk en Frysk oan in oantal skoallen yn Fryslân, it lêste op it Kristlik Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Yn 2014 makke er de oerstap nei de Afûk as koördinator edukative projekten.
Nei de publikaasje fan in tal koarte ferhalen kaam yn 2008 syn earste bondel mei jongereinferhalen, Heftich, út.

Grypstra publisearre ferhalen en gedichten yn Hjir, Ensafh, Farsk, LinKk, de Moanne, Inkijk en de Prinsentuinbundel. Kollums fan syn hân binne ferskynd op Wâldnet, op de Skanoside en yn De Moanne.
De skriuwer is ek aktyf mei oersettings fan Ingelstalich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Fan 2009 oant en mei 2011 wie er redaksjelid fan De Moanne. Yn 2011 siet er yn de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2015 wûn Ate Grijpstra de Rely Jorritsmapriis foar syn gedicht De stêd, in sang en oant twa kear ta krige er in Blyk fan Wurdearring fan it Rely Jorritsma Fûns. Heftich levere him de Bongelboekepriis fan de NHL op. Syn boek Grutte Pier, Krús fan de Hollanner stie yn 2015 sintraal yn in grut lêsbefoarderingsprojekt foar it fuortset ûnderwiis.

Boeken
2008: Heftich
2010:Rinze hat de hik
2010: Tsjang tsjin tiid (Studio F, taalmetoade Frysk)
2013: Tsjang en de taaldief

Jeugdomans
2011: It beest fan de Westereen
2012: Krús fan de Hollanner
2014: Femke faalt (e-boek)