De bisteboel fan omke Roel

Omke Roel syn bisteboel yn 't augustussintsje

Tekst: Thys Wadman
Liedteksten en muzyk: Hindrik van der Meer
Nije arranzjeminten muzyk: Kees van der Meer
Yllustraasjes: Natascha Stenvert
Utjouwer: Afûk y.g.m. Tresoar
ISBN: 9789062738809
Priis: € 17,50

De bisteboel fan Omke Roel wie yn 2011 it Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid.
It is in muzikaal printeboek mei 23 ferskes en ferhaaltsjes. Om foar te lêzen of om sels te lêzen. Mei in cd, mei dêrop ferskes oer alle bisten dy't op de pleats fan Omke Roel wenje.
Thys Wadman skreau in prachtich ferhaal mei de súksesfolle bistelietsjes fan Hindrik van der Meer (ferskes fan de cd’s Retteketet Tsjyng Boem) as útgongspunt. Soan Kees van der Meer makke nije arranzjeminten by de ferskes en Natascha Stenvert soarge foar de sfearfolle yllustraasjes.

Thys Wadman
groeide op yn Snits, as soan fan it skriuwersechtpear Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis, jierrenlang as skoaldirekteur yn Koudum, no yn Nijhoarne. Dêrneist hat Thys Wadman altyd tige aktyf west yn de muzyk. Omdat hy meiwurke oan de ûntwikkeling fan de taalmetoade Studio F foar it basisûnderwiis, kaam Thys Wadman ta it skriuwen fan ferhalen en gedichten foar âldere bern, dy’t publisearre waarden yn de blêden Switsj en Linkk.
Dat resultearre úteinlik yn de boeken De oerwinnings fan Tido Houtsma (2010) en In nije heit (2014). By de taalmetoade skreau Wadman ek in lêsboek op it tema Natuer, De fûgelklup (2009) en De Hûneklup yn 2012. Yn 2011 skreau Wadman ferhalen by berneferskes fan Hindrik van der Meer. Dat boek, De bisteboel fan Omke Roel, wie yn 2011 it aksjeboek foar de Fryske berneboeketiid. Kees van der Meer makke nije arranzjeminten by de besteande meldijen en stuts se sa yn in modern jaske.
Ynspiraasje hellet Wadman út wat er meimakke hat yn syn wurk op skoalle, mar ek de eigen jeugdûnderfinings spylje in rol. 

Hindrik van der Meer
wie 20 jier lang learaar muzyk oan de Kweekskoalle te Snits (no Pabo yn Ljouwert).
As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten. Der binne trije cd’s mei byhearrende boeken mei bernelieten útbrocht troch de famylje Van der Meer: Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpengroattenbrij (1980) en Retteketet Tsjyng Boem (1992).
Tegearre mei Geartsje Douma fan De Pein, dy’t de teksten fan de ferskes skreau, hat Van der Meer twa tekstboeken en cd’s produsearre ûnder de titel Deuntsjes foar dy 1 en 2 mei 107 nije ferskes foar beukers.

Kees van der Meer (1981)
wennet yn Amsterdam en fersoarget muzykprojeyten yn binnen- en bûtenlân.
Op syn trettjinde skreau Kees fol passy syn earste komposysje My first case. It koe net útbliuwe, Kees gie syn grutte leafde, de muzyk, efternei. Oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins folge hy de oplieding Dosint Muzyk. Yn syn tredde stúdzjejier waard hy frege as dosint muzyk oan it 'Werkman College' yn Grins. Op dy skoalle wurke er 10 jier lang en die dêrnjonken noch de stúdzje Komposysje Muzyk en Studioproduksjes oan itselde konservatoarium. In 2009 studearre Kees ôf as 'Master of Music' oan de 'Hogeschool voor de Kunsten' yn Utrecht.
Kees van der Meer is dosint metodyk en wrâldmuzyk oan it Prins Claus Konservatoarium te Grins en dosint Muzyk op it 'Berlage Lyceum' te Amsterdam. Ek fersoarget er op oanfraach wurkwinkels. Muzyk meitsje en muzyk belibje binne dan wichtige útgongspunten.

Natascha Stenvert
Natascha Stenvert (1971) folge in oplieding oan de Akademy foar bydzjende keunst en foarmjouwing Minerva, yn Grins. Yn 1995 studearre se ôf yn de rjochting 'yllustraasje'. Yn har lêste stúdzjejier (1995) wûn se in yllustraasjewedstriid fan útjouwerij Lemniscaat. Dat joech har de kâns om har earste echte printeboek te meitsjen: earst as geskinkboekje, letter as hard-cover printeboek (Het lelijke jonge eendje, fan H.C.Andersen). Dat wie it begjin fan in hiele rige útjeften. De trije dochters fan Natascha binne de grutte ynspiraasjeboarne foar har wurk. De famkes helpe har soms ek by it yllustrearjen.