Ik hâld fan pod

Yn 't julysintsje
Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Arne van der Ree
Utjouwer: Bornmeer, De Gordyk
ISBN: 978 90 5615 254 3
Priis: € 5,00 (oanbieding)

Op in goede dei fynt Pod in helpleas koekoekje. Hy beslút om it grut te bringen.
Se wurde bêste maatsjes. Oant Koekoekje fleanen leare moat. Hy doart net. Mar hy moat! Pod sil it him wol even foardwaan ...
Yn dit humorfolle printeboek komt de lêzer yn ’e kunde mei mar leafst 100 bisten, dy’t yn in ensyklopedy-part nochris stik foar stik oan ’e oarder komme. Skriuwster Lida Dykstra fertelt by elk bist – dat troch yllustrator Arne van der Ree libbensecht en leafdefol skildere is – ynteressante weetsjes.

Sa is Ik hâld fan Pod in boartlik standertwurk foar bern, oer de 100 meastfoarkommende bisten yn Nederlân. In boek dat hieltyd wer iepenslein wurdt om te sjen hokker flinter dêr fljocht of hokker fûgel op dy tûke sit. In boek dat de natoer ticht by hûs nóch tichterby hellet. Foar bern fan 4 jier ôf.
It boek is ek yn it Nederlânsk te krijen, mar dan foar in oare priis.

Oer de skriuwster
Lida Dykstra (1961) studearre oan de Reinwardt Akademy (HBO foar museummeiwurkers) yn Leiden en dêrnei keunstskiednis en argeology oan de universiteit fan Leiden.
Lida wie projektmeiwurkster by de Stichting ‘Monument van de Maand’ te Ljouwert en dêrnei konservator yn it museum op ’e Jouwer. Se begûn mei it skriuwen fan berneboeken nei de berte fan dochter Ingeborg yn 1992 en sûnt is se fulltime skriuwster. Se wennet mei har man Henk op ’e Knipe, in Frysk doarp ûnder de reek fan It Hearrenfean. Ingeborg is wylst de doar al út.
Har earste boek wie: Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (1994)
Lida har memmetaal is it Frysk mar Frysk skriuwen learde se pas op har tritichste. Hjoeddedei skriuwt se yn it Frysk en it Nederlânsk. Se soarget sels foar de oersettings fan har boeken fan de iene nei de oare taal. Krekt sa ’t it útkomt.
Lida skriuwt foar bern fan 2 oant 14 jier, foar de jeugd en ek foar folwoeksenen. Har printeboeken binne juwieltsjes, ek troch de gearwurking mei ferskate bekende yllustratoaren.
Oan de ûnderwerpen fan har boeken kinne je ôflêze dat de skriuwster fisueel ynsteld is. In ympresje of in skilderij kin har tige ynspirearje. Se tinkt yn plaatsjes. Yn it boek Wolken fan wol stiet in stik tekst ûnderstboppest wannear’t de haadpersoan de wrâld ûnderstboppest besjocht. Fan sokke wurdgrapkes genietet Lida.
Har boek De skat fan Jonker Jan is opnij útbrocht yn de ‘Protter rige’ foar skoallen (te fergelykjen mei de Nederlânske ‘Lijsters’) en it is ek ferskynd as harkboek.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.lidadijkstra.nl en www.tantetjits.nl.

Oer de yllustrator
Arne van der Ree hie, as lyts jonkje, in lyts tekentaffeltsje mei potleadsjes, krytsjes, stiften en in stuoltsje. Hieltyd kaam er by it taffeltsje werom om noch wat te tekenjen. Hy koe doe krekt rinne. It tekentaffeltsje waard hieltyd grutter. Op syn 16e is Arne begûn oan de oplieding Grafysk Foarmjaan op it 'Grafisch Lyceum' yn Rotterdam. Hy hat dêr de eineksamenspesjalisaasje 'fisualisearjen' folge en helle. Dêrnei hat er keazen foar de yllustraasje oplieding oan de 'Willem de Kooning Academie' yn Rotterdam. Hy hie op dat stuit syn earste opdrachtjouwers al binnen en hat dêrom yn de Akademytiid hieltyd freelancewurk dien. Ek dy oplieding hat er ôfmakke. Dêrnei hat er 7,5 jier freelancewurk kombinearre mei de koördinaasje fan de stúdzje fisualisearjen oan it 'Grafisch lyceum Rotterdam'. Sûnt 01-01-'10 wurket er folslein as yllustrator. Dêrnjonken makket er autonoom wurk.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.arne.exto.nl.