Skelte wol in skelter

Yn 't junysintsje

In printeboek foar beukers

Tekst: Joke Scheffer
Yllustraasjes: Anna Sikkes
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789062739998
Priis: € 13,50

Oer it boek
Dy earme Skelte: hy wol sa graach in skelter ha, mar it mei net! Heit syn hok is al fol, mem is benaud foar de auto fan buorman, buorfrou is bang foar har blommen. Wat moat Skelte no? Hy ferfeelt him sa, der is hielendal neat te dwaan! Dan krijt er in geweldich plan. Hy freget pake! Fan pake mei altyd alles, dêr binne pakes ommers foar? Skelte krijt gelyk, it mei fan pake! Mar heit en mem en de buorfrou krije ek gelyk: Skelte reest troch de buert en hat allinne mar each foar syn nije skelter en net foar auto’s of blomkes…

Oer de skriuwster
Joke Scheffer is learares op de basisskoalle en taalkoördinator. Sy is boppedat al in skoft aktyf by It Fryske Berneboek. Joke spant har tige yn om jonge bern oan it Frysk lêzen te krijen. Sy is de motor achter de aksje ‘Jou in bern in boek’ fan de gemeente Ferwerderadiel om it taalbelied te stypjen. De gemeente jout alle bern fan de groepen 2 en 8 jierliks in Frysk boek kado.
Foar de Pankoekdei, dêr’t beukers út groep 3 fan de gearwurkingsskoalle Jelsum/Britsum/Koarnjum fan 't maitiid foar noege wiene yn de Túnmanswente te Koarnjum, skreau sy it boekje Mûske fan Martena. Mei help fan dat boekje leare bern boartsjendewei hokker planten by âlde stinzen te finen binne. Mûske docht dat troch harren mei te nimmen op in speurtocht troch it bosk fan Martena yn Koarnjum.

Oer de yllustratrise
De yllustraasjes fan Anna Sikkes binne kleurich en eigensinnich. Der sitte in soad grappige details yn ferwurke.
Har wurk ûntstiet fanút de gedachte dat de wrâld fol sit mei allergear ferhalen, grutte en lytse. Se fynt it prachtich om krekt wat oars tsjin de dingen oan te sjen. Ynspiraasje foar har yllustraasjewurk hellet se út ûnderwerpen lykas it minslik gedrach, de natoer en deidreamen oer it meitsjen fan in fiere wrâldreis. Subtile humor is dêr in wichtich ûnderdiel by. Troch opfallend kleurgebrûk en boartlikens kriget it wurk in unyk en eigenwiis karakter dat tagelyk foar it grutte publyk tagonklik en werkenber is.