De bûtenierdske reis fan Q en Quinta

Yn 't maaiesintsje

'Al kin ik minsken mar positiver tinke litte oer bûtenierdske wêzens!' Martijn van Staveren - www.buitenaardscontact.nl

Tekst en yllustraasjes: Marianna van Tuinen
Oersetting yn it Frysk: Ytsje Steen-Buwalda
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
Tal siden: 42
ISBN: 9789089548450
Priis: € 17,50

Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan.
‘Ik bin Q’, seit it frjemde bist. ‘Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?’

Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn. Op elke planeet dêr’t se komme treffe se bûtenierdske wêzens. Dy sjogge der hiel ferskillend út. Se meitsje in soad nije freonen.
It wurdt hiel spannend as der in pear romtegrizels ferskine. Hoe komme se dêr lâns? Sille se oait it hûs fan Q fine? Dan docht Quinta in bysûndere ûntdekking …

Oer de skriuwster:
Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk. Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning. Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn yn 2012, Hoger en hoger yn 2013, en De Vuurdiamant yn 2014.

Oer de oersetster:
Ytsje Frederika Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle hat sy it atheneum folge yn Ljouwert en dêrnei Schoevers yn Den Haach. Fan 1978 oant 1984 hat sy administratyf wurk dien by in notaris yn Marrum. Nei de berte fan har bern, is sy opholden mei wurkjen. Doe’t de bern wat âlder waarden woe sy wol wer oan it wurk. Dat slagge net sa maklik. Uteinlik bedarre se by de Afûk as freelance oersetter en korrektor (wat sy dwaan mocht fanwege har karfak Frysk op it Ateneum) en dat wurk docht se no al njoggen jier mei in soad nocht. In jier as trije ferlyn krige se der sin oan om ris in boek foar harsels oer te setten, in boek dat sy sels heel moai fûn. Dat waard it jeugdboek ‘Koning van Katoren’ fan Jan Terlouw. Sy hope dat har oersetting oait yn druk ferskine soe… Ytsje Steen-Buwalda is troud mei Johan Steen, skoalmaster yn Lollum en wennet yn Boalsert.