Spetter spetter... en oare ferskes

Yn 't july/augustussintsje

Ferskes fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra
Yllustraasjes Linda de Haan
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 978 94 92716 54 7
Priis: € 9,95

De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne tweintich jier.
Tomke hat se sels útsocht.

Lees meer: Spetter spetter... en oare ferskes

Tsjilp!

Yn 't junysintsje

Auteur: Eppie Dam
Yllustraasjes: Lienke Boot
Foarmjouwing: Ankemarije Dam
Utjouwer: De Rijp
ISBN: 9789081581844
Priis: € 12,00
55 siden, hardcover

Mei 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters.
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.

Lees meer: Tsjilp!

Wês net bang

(mar wol foarsichtich)

yn 't febrewaris/maart sintsje

Auteur: Hanneke de Jong
Utjouwer: Afûk, Ljouwert
ISBN: 9789492176400
Priis: € 8,50
Leeftyd: 12 jier en âlder
It boek slút oan by it projekt: LêsNo

Wês net bang, fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan op har flecht fan Syrië nei Nederlân. Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.
Ut it boek:
Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! 'Wês net bang,' seit er, 'mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.' Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. 'Gean no, wy hearre fan dy.' 'Goeie heit.' Se krûpt him eefkes oan. 'Dach leave dochter.' Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.

Lees meer: Wês net bang

Firalen en Oanfal

Yn 't jannewarissintsje

Auteur: Kathy Reichs
Utjouwer: Elikser, Ljouwert
ISBN: 9789089548467 en 9789089549198
Priis: Firalen € 19,95
Priis: Oanfal € 22,50

Firalen (diel I yn de rige) is in magysk en tige spannend fantasyferhaal.
Yn it spannende twadde diel Oanfal sykje Tory en har freonen om in ferburgen pirateskat.

Oer Firalen
(yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar)

In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst.
Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my.
Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen.
Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein.

Lees meer: Firalen en Oanfal

Krystferhalen en mear

út Stille nacht wûndernacht
yn 't desimbersintsje
Want,
by Krysttiid hearre ferhalen!

Stille nacht, wûndernacht is in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen.
It is prachtige útjefte fan Yke Reeder (byldzjend keunstner), De Vries & Luiks (foarmjouwing) en tweintich Fryske skriuwers. In berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen. Thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Der steane ek ferskes en toanielstikjes yn dit kleurrike en ôfwikseljende boek.

De bydragen binne skreaun troch Anne van Stien, Froon Akker, Jelle Bangma, Maike Bouma, Yttje Cnossen, Ysbrand Drost, Lida Dykstra, Jurjen Faber, Berber van der Geest, Anny de Jong, Hilly Keidel, Douwe Kootstra, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Margryt Poortstra, Jeltsje van der Schaaf, Albertina Soepboer, Matty de Vries, Jeannette Westra en Mindert Wijnstra.
Meielkoar ha se der in kleurryk en ôfwikselkjend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.

It boek is yndield yn trije leeftydsgroepen: foar de ûnderbou, de middenbou en de boppebou.
It begjint mei it Krystferhaal út it Lukasevangeelje, bewurke troch Berber van der Geest.
Om alfêst yn de krystsfear te kommen kin dat ferhaal downloaden wurde, lykas in ferhaal fan Matty de Vries (sjoch hjirûner by 'Lees meer').
Stille nacht wûndernacht is te keap by de boekhannels yn Fryslân foar € 14,95

Lees meer: Krystferhalen en mear

Wenje yn in skilderij

yn 't novimbersintsje

Tekst: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Lourens Alma Tadema
Utjouwer: Wijdemeer, Ljouwert yn opdracht fan it Frysk Museum
ISBN: 9789492052254
Priis: 15,95

Yn it Frysk Museum te Ljouwert is oant en mei 7 febrewaris 2017 de tentoanstelling oer de ferneamde Fryske skilder Lourens Alma Tadema te sjen. Berneboekeskriuwster Lida Dykstra hat fan it museum de opdracht krigen om nei oamlieding fan dizze tentoanstelling, de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern.
De skriuwster hat besocht om Alma Tadema tichterby te bringen foar de jeugd troch de eagen fan Laurence, de âldste dochter fan skilder. Sa komme jonge lêzers mei him yn ’e kunde. Se ûnderfine hoe ’t it is om yn sa’n kreative húshâlding grut te wurden, meitsje de eksploazje fan it hûs fan de Tadema’s mei en dwale om yn it atelier. Op dy wize komme de skilderijen ta libben. Ek it plakboek fan Laurence is ûnderdiel fan it boek, mei plaatsjes, reproduksjes fan it wurk fan har heit, sketskes en foto’s.
In prachtich boek om (foar) te lêzen en in moaie oanlieding om dêrnei meielkoar nei it museum ta te gean.

Lees meer: Wenje yn in skilderij

Tije

yn 't oktobersintsje

Tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten
Utjouwerij: Afûk, Ljouwert
96 siden, hard cover
ISBN: 9789492176271
Priis: € 14,95

Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje.
Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan.
Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt...

In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing. Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Lees meer: Tije