Rymposter 2009

Rymposter 2009 - tema: Smûzje


It smûzersalfabet

Refrein
Wij sitte om 'e tafel, foar ús leit in boek
oer lekkernijen, sûkelade, bôle, tsiis en koek.
Wij bestudearje 't 'ABC', mei om ús hals in grut servet.
En sa priuwe en ite wij, snobje en genietsje wij …
fan dit, foar smûzers, alderhearlikst alfabet.

 

A is fan Apenút en dêrmei begjint dit liet
B is fan Banaan, streksum, sûn en lekker swiet
C is fan Croissant, mei wat bûter der op: 'Top!'
en D - it kin net misse: it 'swarte goud' - is fan Drop

E is fan Eart, dêrfan makket ús mem de snert
F is fan Framboas, in Fruchtsje nei myn hert
G is fan Grientesop, mei woartels, beantsjes, prei
H is fan Hagelslach, ik yt it eltse dei

I is fan Ierdbei, lekker fris en goed
J is fan Jirpel, dy komt op tafel hjoed
K is fan Kiwy: soppich, fris en grien
L is fan Lolly, lekker mar hurd as stien

M is fan Molke, dat wite drankje, lekker sûn
N is fan Nassy, wa wit, ite wij dat jûn
O is fan Oranjekoek, as gebak myn favoryt
P is fan Pizza, mei Piper lekker hyt

Q, 'k soe 't net witte, ja dochs: dy is fan Quiche
R is fan Rjemme, Rezyn en fan Radys
S is fan Sâlt, ûnmisber op in aai
T is fan Tomaat, Twibak en Taai Taai

U is fan Ulefel, in suertsje fan lang ferlyn
V fan Vitis Vinifera, sa 't de drúf hyt yn 't Latyn
W is fan Wytlof, mei wat tsiis derop: 'Exquis!'
Ah! Passearde dêr de X, mei it Frânsk foar: 'Lang net fiis'?

IJ is fan IJsko - "Ho!" seit Yke, "dat fyn 'k gek!
Wêrom de lange IJ, wat is der mis mei de I-grek?"
Y dy is fan yochert, leave Yke, do dyn sin
en Z is fan zjem, hoewol? Kin 't wêze dat 'k mij fersin?


It Dichters-kollektyf: Nanne & Ankie + 75 dichters en dichteressen fan de basisskoallen It Partoer yn Burgum, Op 'e Trije yn Ferwert, De Krunenstrobbe yn Jorwert, de Prof. Wassenberghskoalle yn Lekkum en de Trije Doarpenskoalle yn Reduzum
Yllustraasje: Yke Reeder