Rymposter 2008

Rymposter 2008 - tema: Poëzij

Streken

de sebra's
de sebra's
sa waaie se mar oan
wannearsto mei de eagen ticht
ien kudde fan de steppe nei de stêden stappe litst

fier oer sân en fjouwerbanen (i t d r a v e n m e a r k e l i c h t )
oer in fytspaad oant de skoalle en it plein
dêrsto de rapste bist - te TIGERjen - mei de eagen ticht
                                      oant in sebra dy
                                      de dyk oer lit

Gedicht: Arjan Hut
Yllustraasje: Misja Sirag