Rymposter 2006

Rymposter 2006 - tema: De liuw is los, boeken oer bisten

Lit my mar rinne

As reade boarre ha 'k it swier...
Dy swarte fan hjirneist, dy klier,
byt my stikken út it ear!
Mar dat docht er aanst net mear,
och heden nee! De liuw is los!
(In omke fan my, sa't jim witte...)
Dy swarte is tenei de klos!


Fan 't pesten ha ik skjin myn nocht!
In goarwyt mûske dat it docht.
't Skelt my út foar lytse lûs!
'k Bin oars echt in grize mûs...
No krij ik help fan 'n oaljefant,
(myn broerke om samar te sizzen...)
It skellen is moai wis oan kant!

De fûgels sitte op 'e loer!
Myn kop omheech: 'k bin goed foar foer!
Wjirms bin' oan in briltsje ta.
'k Wol in blitse swarten ha!
Ik tink dat ik sa'nent liene kin.
In brilslang wol him my wol bringe.
Wis dat 'k it coolste wjirmke bin!

In nylhoars komt ek diskant út.
Hy wol foar 'n krûpke en in tút
dat ik him it tugen lear.
Dat 's fansels net samar klear!
Ik span him foar in echte seas;
as Fryske hynst kin ik 't him leare.
En 't resultaat wurdt fet, fet kreas.


Gedicht: Anny de Jong
Yllustraasje: Ingrid van der Kallen