Rymposter 2005

Rymposter 2005 - tema: De toverakademy: boeken fol magy

Sabeare heks

omdat ik strielewiele sis
en yn 'e hannen klap
komt moarns de sinne op

omdat ik fleaneweane raas
en mei de fuotten stamp
fljogge de guozzen fuort

rop ik donderwonder
falle dingen dy't ik loslit
yn myn heksershol

troch ien simpel wurdsje
groeiewoeit
it gers
omdat ik dat wol

Gedicht: Lida Dykstra
Yllustraasje: Linda de Haan