Rymposter 2004

Rymposter 2004 - tema: Muzyk

It Skoalorkest

Master hat my frege foar it Skoalorkest.
Hy hat foarige wike yn 'e klasse west.
Hy sei: 'Annemarie, dat is krekt wat foar dy.'
'Wat cool!' rôp ik. 'O ja, dêr wol ik hiel graach by!'
Master sei tefreden: 'Dan ha wy tweintich leden.
Dat is in prachtich ploechje foar in skoalorkest.'




Freed ha wy in nij muzykstik ynstudeard:
in skoalleblues, troch master Hoekstra komponeard.
Syn stokje gong omheech. 'Binne jim klear?' rôp hy.
'Ik tel oan fjouwer ta en dan begjinne wy.'
Wifeljende toanen
kamen út ús hoarnen.
Letter gong it better, wy ha goed studeard.

Fannemiddei dienen alle skoalbern mei.
Doe bouden wy in feestje, wat gong 't der omwei.
De hiele skoalle dûnse mei op ús muzyk.
Sels juffer Blok, dy't stiif is fan de rimmetyk.
Master sei: 'Jim ha der
gefoel foar, dik ynoarder!
Muzyk is machtich, sjoch mar, elkenien docht mei.'


Tekst en muzyk: Geartsje Douma
Yllustraasje: Sylvia van Ommen