Rymposter 2003

Rymposter 2003 - tema: Djip yn it bosk: fan Ko de boskwachter oant Readkapke en Robin Hood

Ferdwale

It spoeket yn de bosken fan It Wâld,
it risselt en it rûzet yn de beammen,
it sistert en it sûzet, ik hear stimmen,
ik leau ik bin ferdwaald en ik bin kâld.

De swarte beammen lykje wol soldaten,
op stive skonken stampe se foarby,
de mûlen ticht, se meie grif net prate,
se sjogge rjocht foarút, negearje my.

It spoeket yn de bosken fan It Wâld,
de blêden waaie op, reade en brune,
de wyn gûlt yslik troch de hege krunen,
de tûken kreakje sûnder opûnthâld.
Ik wol nei hûs, mar kin it paad net fine
ik rin yn rûntsjes, 't duorret fierste lang,
de beammen krije mûlen, krije eagen
ik draaf mar hinne en wer en ik bin bang.

It spoeket yn de bosken fan It Wâld
'k bin yn gefaar, aanst moat 'k hjir bliuwe!
Ik moat in teken jaan, in briefke skriuwe,
hoe kom ik oait wer yn de minskewrâld?
Faaks dwale hjir wol wylde bisten om,
ik kin se rûke, kin se snuven hearre…
Ik flean de trep op fan de Belvedêre
en rop sa lûd ik kin:`IK WOL WEROM!'


Gedicht: Baukje Wytsma
Yllustraasje: Helena de Boer