Rymposter 2002

Rymposter 2002 - tema: Ay ay kaptein, boeken oer boaten

Ay, ay, kaptein

Ay, ay, kaptein, ay, ay, kaptein,
kom op, wy gean' te farren.
Oer puollen en oer marren.
Earst jouw' wy heit en mem in tút,
dan farre wy it seegat út.
Wy sile oer de hiele wrâld.
Wy binn' al hast by Earnewâld
en komme net wer thús.

 


Ay, ay, kaptein, ay, ay, kaptein,
dan wurde wy piraten.
Hast dat wol yn 'e gaten?
Wy knutselje in houten poat
en lûke oan de fokkeskoat.
Wy sjitte gatten yn 'e slûs.
Wy sjonge shanty's by de rûs
en komme net wer thús.

Ay, ay, kaptein, ay, ay, kaptein,
wy sjogge frjemde strannen.
Untdekke nije lannen.
Begrave skatten yn 'e grûn,
sa djip, dy wurde nea wer fûn.
It is de hiele dei moai waar.
Wy weve ôf mei elk gefaar
en komme net wer thús.

( no ja, miskien jûn pas...)


Gedicht: Jurjen van der Meer
Yllustraasje: Marijke Klompmaker