Rymposter 2001

Rymposter 2001 - tema: Woansdeitemiddei frij: lês oer dyn hobby

Hûndert hobby´s

Katelijntje van der Woude
hat it freeslik, freeslik drok.
Want sy hat, ja wis en wrachtich,
hûndert hobby´s; is ´t net prachtich,
safoll´ wille en gelok?

Hoe´t it kommen is? Hiel simpel,
troch de boeke-bibliobus.
Dy komt woansdeis trije oere,
Katelijntje kikeloere…
en jawis, in boek mei… dus…

Wike ien, in boek oer kninen
en sy timmere daalk in hok,
wike twa, in boek oer fervjen,
hup, de ezel op ´e stok.
Wike trije: ´Ga eens vissen´,
wike fjouwer waard se scout.
Kinst wol neigean, twa jier letter,
dat soks hiel wat drokte jout.

Katelijntje van der Woude
hat gjin tiid mear, dat snapt elts.
´t Hûs fol fifelfûferijen
- om fan ´t hok noch mar te swijen –
dan hast moai wat troep fansels.

Ho! seit heit by hûndert-ien,
hobby´s bêst, mar no is ´t dien!

Katelijn lêst no in boekje
oer de leafde, hy en sy,
tútsjeboartsje, lekker frije…
Ha, ropt sy, wol heit it lije…
dan is dat krekt wat foar my!


Gedicht: Jelle Bangma
Yllustraasje: Carla van der Heijde