Rymposter 2000

Rymposter 2000 - tema: Bargebiters en paradysfûgels

In bist is in bist

Men neamt ús as bisten faak gnoarrich en dom;
in ekster is wyld en in baarch oerstom.
In holder is skrepsum, ûnskuldich in laam;
in ljip is beweechlik en nitelich in raam.

In slak dy is traach en dryst is in ko;
bretaal is de mosk en himmel de do.
In skiep dat is nuet en nijsgjirrich in hin;
parmantich de hoanne, feninich de spin.

Bliid is in protter en earm in lûs;
meager de rûp en bang is de mûs.
In sweltsje is fluch en in kikkert is kâld;
Sliepperich de ûle en slim is in rôt.

Mar ík, hynder, wrinzgje: elk bist hat syn aard!
Us dwaan en ús litten? No, dat 's tige fermaard!
Sa sterk as in dyk fjouwerje ik grutsk oer de wei,
nei it lân fan SASTBISTE. Wa liftet der mei?

Gedicht: Berber van der Geest
Yllustraasje: Laura Tietjens (of Lava)