Rymposter 1999

Rymposter 1999 - tema: Fan apesturtsje nei apekoai (heiling of sintsprint)

Skoalle! Allegear nei skoalle!
Fan in juf of in menear
learst dêr lêzen, skriuwen, sommen
en noch folle, folle mear.

 


 Jannen (2), Kees, Klaas, Richt,
Geartsje, Riffat, Mohamed, Michiel,
Farat, Pyt, Marij, Ooleya:
ús groep, in aardich bûnt gehiel.

In echte rekkenstjer is Geartsje.
It kin by har faak njoggens lije,
mar dy smoarge breukesommen,
dêr soe ek sy in breuk fan krije.

Kensto al it apesturtsje,
dêr't net iens in aap oan sit,
en dy mûs by de kompjûter
dy't gjin mûs is, mar sa hjit?

Klaas skriuwt meastal hoannepoaten;
master wurdt der skilich by,
mar hoe netsjes skreau er it briefke:
'Leave Richt, wolsto mei my?'

Boeken, boeken fol ferhalen,
ast dêr ienkear oan begjinst
is it in toer om op te hâlden.
Wat in feest, datst lêze kinst.

Soms sjit ús master yn de stress
as wy op in dei neat wolle:
gjin tel de oandacht by de les,
stoarm en ûnwaar yn ús hollen.

Juf Aly lit de globe draaie.
Och, wat lyts is Fryslân mar!
't kin neat skele, seit juf fleurich:
de wrâld is uzes mei-inoar.

Wannear kamen ús seediken
en wa diene al dat wurk?
Gewoane minsken mei de skeppe,
dus gewoan in Klaas, Jan, Durk.

Hoe kin 't dat de guozzen fleane
twakear jiers in heislik ein
en dan noait in kear ferdwale?
Reitsje se dan net ynein?

Hoe kin 't dat sa'n swiere Boeing
opstiicht en dan fleanen bliuwt
en in reuze oaljetanker
samar op it wetter driuwt?

Ho! Wat is dat gnyskjen, skellen
en wa wurdt dêr skopt en dien?
Och, 't is Riffat mei syn briltsje.
Peste? Hartstikke gemien!

Ingels leare fan 'We like you'
is in hiele aardichheid.
E-mail nei in groep yn Kingman,
dat yn Arizona leit.

Lit dyn fantasy frij fleane,
want it is hjoed opsteldei.
Sels in sterk ferhaal betinke.
Skriuw mar ta, want alles mei.

Allegear nei 't gymlokaal ta,
want no ha wy apekoai:
linich fuotsje-fan-de-flier dwaan.
't Is gjin disco, mar wol moai.

Wier, soms bale wy fan skoalle.
Master baalt fan ús, seit hy.
Ticht de boeken, fuort de skriften.
't Is fakânsje! Lekker frij!

 


Gedichtsjes: Tiny Mulder
Yllustraasjes: Jaap de Vries