Rymposter 1998

Rymposter 1998 - tema: Bern en poëzij, fan rym oant rap



Hjerstrein
de rein hat skuon mei hakjes oan
se dûnset tap tap op 'e glêzen
har rap giet al de hiele moarn
dit moat septimber wêze

de hjerstrein ropt my bûtendoar
ik wol har drippen op my fiele
wêr oars is al dit wetter foar?
it mei noch oeren spiele

ik gun de suertsjes it fertriet
fan paraplu's en wetterjassen
mar ik wurd lekker dweiltrochwiet
ik dûnsje yn 'e plassen

winterkening
in dún leit tsjin 'e achterdoar
it keamersrút is dik beferzen
ik ha hjir sa in blyndoek foar
fan blommen op glêzen

Ik blaas der wolkjes damp tsjinoan
ik bin in tsjetteltsje fol wazem
dêr leit de wite wintermoarn
myn eagen krije azem

mar 'k fiel gjin glês mear dêr't ik blaas!
wurdt dit in fleangat om nei bûten?
in fûgel is syn eigen baas
no, heit en mem, de groeten

maitydslibben
nij grien, fertelt de flinderstrûk
hy triuwt syn bledsjes tsjin 'e glêzen
it finster is in iepen boek
ik kin de maityd lêze

in trekker dreunt, it gers falt om
twa kikkerts skatterje tegearre
in ein slacht op 'e wettertrom
ik kin de maityd hearre

wat stean ik hjir noch yn 'e hûs
yn pleats fan yn it fjild te dûken
oerol is libben by de rûs
ik wol de maityd rûke

simmerjûn
de sinne stie hjoed oan 'e loft
gleonwyt te bakken op 'e glêzen
no is se read yn 't lân delploft
in frisbee yn 'e gerzen

se sakket troch de hoarizon!
dêr lûkt de nacht mei syn moarassen
o sinne wacht, ik kom deroan
mei takeltou en trossen

yn ridderspieren steane spand
se sil net kopke-ûnder, blinder
ik feech de raaien oan 'e kant
noch even en ik bin der

Gedicht: Eppie Dam
Yllustraasjes: Babs Wijnstra