Rymposters ynformaasje

De Stichting It Fryske Berneboek makke yn gearwurking mei Bibleteekservice Fryslân trettjin jier lang in rymposter foar de Berneboeketiid. Op dy poster wie alle kearen in nij fers fan in Fryske dichter ferwurke yn in moai 'skilderij' fan in yllustrator. It keunstwurk sleat altyd oan by it tema fan de Nasjonale Berneboekewike en de Berneboeketiid.

De Fryske rymposter waard in begryp op de Fryske basisskoallen en yn bibleteken. Alle jierren krigen in oare skriuwer en yllustrator de fraach om poëzij op in oantreklike wize te presintearjen. Foar de bern waard it gedicht dúdliker makke troch de yllustraasje: de rymposter as in twa-ienheid fan fers en byld.
De dichters en yllustratoaren wiene altiten wiis mei sa'n opdracht en fierden dy mei in soad nocht út.
Alle basisskoallen, bibleteken, berne-ôfdielings fan sikehuzen en Pabo's krigen sa'n poster fergees tastjoerd mei in lesbrief der by.

Jubileum
Yn ferbân mei it jubileum fan It Fryske Boek yn 2009 (75 jier) binne alle rymposter-teksten op muzyk set. Nanne Kalma en Ankie van der Meer fierden dat projekt út en sammelen de lietsjes op in cd. Dy cd hat It Fryske Berneboek op it jubileumfeest fan It Fryske Boek, op 4 april 2009, as presintsje oanbean. Dêrnei krigen alle skoallen in eksimpaar fan de cd en lyn septimber fansels wer fan de poster.

Skoalletoernee
Oan dat projekt wie ek in skoalletoernee ferbûn. Mei de learlingen fan basiskoallen makken se Liet 13, it fers foar de trettjinde rymposter. Nanne hie de muzyk yn 't foar al skreaun. Mei help fan Nanne en Ankie makken de bern de kûpletsjes. In sjuery keas de moaiste ferskes út en dy waarden ûnder de titel It smûzersalfabet op de nije rymposter printe.

De 13 rymposters