Rymposters ynformaasje

De Stichting It Fryske Berneboek makke yn gearwurking mei Bibleteekservice Fryslân trettjin jier lang in rymposter foar de Berneboeketiid. Op dy poster wie alle kearen in nij fers fan in Fryske dichter ferwurke yn in moai 'skilderij' fan in yllustrator. It keunstwurk sleat altyd oan by it tema fan de Nasjonale Berneboekewike en de Berneboeketiid.

Lees meer: Rymposters ynformaasje

Rymposter 1997

Rymposter 1997 - Tema: De tiidmasine, werom nei doe

Doe no dan
Dan doe no
No dan doe
No doe dan
Doe dan no
Dan no doe 

Lees meer: Rymposter 1997

Rymposter 1998

Rymposter 1998 - tema: Bern en poëzij, fan rym oant rap



Hjerstrein
de rein hat skuon mei hakjes oan
se dûnset tap tap op 'e glêzen
har rap giet al de hiele moarn
dit moat septimber wêze

Lees meer: Rymposter 1998

Rymposter 1999

Rymposter 1999 - tema: Fan apesturtsje nei apekoai (heiling of sintsprint)

Skoalle! Allegear nei skoalle!
Fan in juf of in menear
learst dêr lêzen, skriuwen, sommen
en noch folle, folle mear.

Lees meer: Rymposter 1999

Rymposter 2000

Rymposter 2000 - tema: Bargebiters en paradysfûgels

In bist is in bist

Men neamt ús as bisten faak gnoarrich en dom;
in ekster is wyld en in baarch oerstom.
In holder is skrepsum, ûnskuldich in laam;
in ljip is beweechlik en nitelich in raam.

Lees meer: Rymposter 2000

Rymposter 2001

Rymposter 2001 - tema: Woansdeitemiddei frij: lês oer dyn hobby

Hûndert hobby´s

Katelijntje van der Woude
hat it freeslik, freeslik drok.
Want sy hat, ja wis en wrachtich,
hûndert hobby´s; is ´t net prachtich,
safoll´ wille en gelok?

Lees meer: Rymposter 2001

Rymposter 2002

Rymposter 2002 - tema: Ay ay kaptein, boeken oer boaten

Ay, ay, kaptein

Ay, ay, kaptein, ay, ay, kaptein,
kom op, wy gean' te farren.
Oer puollen en oer marren.
Earst jouw' wy heit en mem in tút,
dan farre wy it seegat út.
Wy sile oer de hiele wrâld.
Wy binn' al hast by Earnewâld
en komme net wer thús.

Lees meer: Rymposter 2002

Rymposter 2003

Rymposter 2003 - tema: Djip yn it bosk: fan Ko de boskwachter oant Readkapke en Robin Hood

Ferdwale

It spoeket yn de bosken fan It Wâld,
it risselt en it rûzet yn de beammen,
it sistert en it sûzet, ik hear stimmen,
ik leau ik bin ferdwaald en ik bin kâld.

Lees meer: Rymposter 2003

Rymposter 2004

Rymposter 2004 - tema: Muzyk

It Skoalorkest

Master hat my frege foar it Skoalorkest.
Hy hat foarige wike yn 'e klasse west.
Hy sei: 'Annemarie, dat is krekt wat foar dy.'
'Wat cool!' rôp ik. 'O ja, dêr wol ik hiel graach by!'
Master sei tefreden: 'Dan ha wy tweintich leden.
Dat is in prachtich ploechje foar in skoalorkest.'

Lees meer: Rymposter 2004

Rymposter 2005

Rymposter 2005 - tema: De toverakademy: boeken fol magy

Sabeare heks

omdat ik strielewiele sis
en yn 'e hannen klap
komt moarns de sinne op

omdat ik fleaneweane raas
en mei de fuotten stamp
fljogge de guozzen fuort

Lees meer: Rymposter 2005

Rymposter 2006

Rymposter 2006 - tema: De liuw is los, boeken oer bisten

Lit my mar rinne

As reade boarre ha 'k it swier...
Dy swarte fan hjirneist, dy klier,
byt my stikken út it ear!
Mar dat docht er aanst net mear,
och heden nee! De liuw is los!
(In omke fan my, sa't jim witte...)
Dy swarte is tenei de klos!

Lees meer: Rymposter 2006

Rymposter 2007

Rymposter 2007 - tema: Sub Rosa, boeken fol geheimen


Geheim

Sssssst!
Meist it net fertelle.
By ús yn 'e tún,
dêr leit in skat!
Mei myn geheime kaart
kinsto dy fine,
mar ik sis net wêr
en ik sis ek net wat!

Lees meer: Rymposter 2007

Rymposter 2008

Rymposter 2008 - tema: Poëzij

Streken

de sebra's
de sebra's
sa waaie se mar oan
wannearsto mei de eagen ticht
ien kudde fan de steppe nei de stêden stappe litst

Lees meer: Rymposter 2008

Rymposter 2009

Rymposter 2009 - tema: Smûzje


It smûzersalfabet

Refrein
Wij sitte om 'e tafel, foar ús leit in boek
oer lekkernijen, sûkelade, bôle, tsiis en koek.
Wij bestudearje 't 'ABC', mei om ús hals in grut servet.
En sa priuwe en ite wij, snobje en genietsje wij …
fan dit, foar smûzers, alderhearlikst alfabet.

Lees meer: Rymposter 2009

Rymposters slot

By de presintaasje fan dy poster yn septimber is de winnende ferzy fan Liet 13 troch Nanne en Ankie en mei help fan in tal jonge tekstdichters útfierd.

Op de foto, Nanne en Ankie mei de bern fan
It Partoer út Burgum.

Lees meer: Rymposters slot