Junior Relypriis

De Junior Rely is in literatuerpriis dy’t takend wurdt oan jongeren tusken de 12 en 18 jier foar de bêste Frysktalige literêre tekst. De priis wie in inisjatyf fan de Afûk en it ynternettydskrift Doar. De priis is yn 2004 ynsteld by gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan de ferneamde Rely Jorritsmapriis. It prizejild foar de Junior Rely is € 750,-. De winners fan de Junior Rely wurde bepaald troch in faksjuery.

Priiswinners

2016 - Sjueryleden: Erica Bergema, Thys Wadman, Anneke van der Werf

Kategory poëzij

  • Tjitske van der Meer út Mantgum. In earste priis foar it fers In gedicht oer in tún
  • Bo de Haan út Kollumersweach. In twadde priis foar it fers Grutte mem
  • Laura Mulder út Siegerswâld. In tredde priis foar it fers Maitiid

Kategory Proaza

  • Beitske Nieboer út Snits. In earste priis foar it ferhaal De wat nuvere tsjoendersfluit

2015 - Sjueryleden: Erica Bergema, Thys Wadman, Anneke van der Werf (jeugdjurylid

Kategory Poëzij

  • Tjerk Jan Atsma út Eastermar: in earste priis foar it fers Gatsjepanne
  • Corrien Tolsma út Eksmoarre: in twadde priis foar it fers Sinne, see en sân
  • Froukje Mensonides út Skettens: in tredde priis foar it fers Tûzen gljinsterende triennen
  • Jasper Avontuur út Winsum: in oanfiterpriis foar it fers Bikkel

Kategory Proaza

  • Doenja Payer út Drachten: in earste priis foar it ferhaal Ôfskied
  • Grady Slagman út Skettens: in twadde priis foar it ferhaal Stedsjes op besite
  • Jeljer Westra út Lollum: in oanfiterpriis foar it ferhaal Kontakt
  • Abe Sligting út Makkum: in oanfiterpriis foar it ferhaal Gedochjes fan de mier en de oplossing fan de mol.

2014 - sjueryleden: Erica Bergema, Thys Wadman en jeugdsjuerylid Anneke Smid

Kategory poëzij

  • Roelof Kooistra fan Kûbaard in earste priis foar it gedicht Jo
  • Ilse Duisterhout fan Warkum in twadde priis foar it gedicht Myn earste tút
  • Yvanka Visser fan Boalsert in twadde priis foar it gedicht Dreamen
  • Hester de Haan fan Winsum in oanmoedigingspriis foar it gedicht De maitiid

Kategory Proaza

  • Berber Tiemersma fan Frjentsjer in earste priis mei it ferhaal Sinne
  • Anneke van der Werf fan Kûbaard in twadde priis mei it ferhaal Wyld
  • Jannita van der Veer fan Winsum in oanmoedigingspriis foar it ferhaal Seesiik

2013 - sjueryleden: Ate Grypstra (skriuwer), Erica Bergema learares) en jeugdsjuerylid Roos Talsma

Kategory poëzij:

  • Kirsty Fekkes fan Warkum in earste priis foar it gedicht: Tiden fan it jier
  • Jéan Buwalda fan Boalsert in twadde priis foar it gedicht: It nestke
  • Desi Rosenau fan Makkum in tredde priis foar it gedicht: Peste
  • Iris Schotanus fan Boalsert in oanmoedigingspriis foar it gedicht: Foarjier

Kategory proaza:

  • Anneke Smid fan Wytmarsum in earste priis foar it ferhaal: Opsoademiterje
  • Ilse Galema fan Tsjerkwert in twadde priis foar it ferhaal: Elske
  • Nina Hoogland fan Boalsert in tredde priis foar it ferhaal: Op syk nei de stêd Florea
  • Elbrich Bos fan Boalsert in oanmoedigingspriis foar it ferhaal: Tsjebbe

2012 - sjueryleden: Ate Grypstra (skriuwer), Erica Bergema (learares) en jeugdsjuerylid Annette Adema

Kategory poëzij

  • Roos Talsma, in earste priis foar it gedicht: Blier

Kategory proaza

  • Hedwig Oldenhof, in earste priis foar it ferhaal: It woarteltsje
  • Johannes Idsinga, in twadde priis foar it ferhaal: 1 april
  • Annemieke Kirkenier, in tredde priis foar it ferhaal: De dream
  • Sake Tiemersma, in oanmoedigingspriis foar it ferhaal: De struner fan Ljouwert
  • Elbrich de Jong, in oanmoedigingspriis foar it ferhaal: It aventoer fan Fenna

2011 - Sjueryleden Auck Peanstra (skriuwster), Ate Grypstra (skriuwer) en jeugdsjuerylid Casper Oukes

Kategory poëzij

  • Eelke Venema út Echirolles (Frankryk) mei Fan Jerevan oant It Hearrenfean
  • Oanmoedigingsprizen wiene der foar Marin de Jong fan Warkum, Annette Adema fan Wommels, Boudianne Terluin fan Eksmoarre, Liesbeth de Haan fan Skraard, Theuna Zwaagstra fan Wytmarsum en Klaske Buwalda fan Boalsert

2010 - Sjueryleden: Auck Peanstra (skriuwster), Ate Grypstra (skriuwer) en jeugdsjuerylid Jorn van der Schaar

Kategory poëzij

  • Floor Wip fan Burgwert in earste priis foar Do bist
  • Froukje Gerbrandy fan Wytmarsum mei Fallende stjer

Kategory proaza

  • Mette Silke Alkema fan Akkrum in earste priis mei Ferlern
  • Casper Oukes fan Wommels in twadde priis mei Tornado
  • Oanmoedigingsprizen wiene der foar Inger Haakma fan Wytmarsum en Willem de Jong fan Warkum

2009 - sjueryleden: Elizabeth Hietkamp (redakteur Doar), Auck Peanstra (skriuwster)

  • Jorn van der Schaar, in earste priis mei Ferhalen fan de winterwyn
  • Casper Oukes, in twadde priis mei Rocky Mountains
  • Annette Adema, in tredde priis mei Myn keammerke
  • Oanmoedigingsprizen foar Jessica Boogaard, Sjoerd Rypkema, Tina-Maria Greidanus en Reina Nauta

2008 - sjueryleden: Elizabeth Hietkamp (redakteur Doar), Akky van der Veer (skriuwster) en Lianne Huitema (jeugdsjuerylid)

Priiswinner: Joeke van der Veen earste priis mei Jaimy dûnset
Akke Boonstra twadde priis mei Dreamer moetet wyn

2007 - sjueryleden: Elizabeth Hietkamp (redakteur Doar), Akky van der Veer (skriuwster) en Froukje Postma (priiswinneres 2006).

  • Prijswinner: Joeke van der Veen mei Zoë en sa
  • Oanmoedigingsprizen foar: Lianne Huitema, Gerbrich Koopal en Dirk Stegenga.


2006 - sjueryleden: Arjan Hut (skriuwer en redakteur Doar), Akky van der Veer (skriuwster) en Lizabeth Dijkstra (priswinneres 2005).

  • Priiswinner: Froukje Postma mei Nachtdieren
  • Oanmoedigingsprizen: Akke Boonstra, Agnes Galama, Marjan de Jong, Irene Rollema, Eelkje Spijksma en Wytse Venema.


2005 - sjueryleden: Arjan Hut (skriuwer en redakteur Doar), Baukje Wytsma (skriuwster) en Katynke van der Vliet (priiswinneres 2004).

Priiswinners poëzij:

  • Tjitske Sijtsma mei Wa bisto
  • Antsje van der Zee mei Diskriminaasje

Priiswinners proaza:

  • Lizabeth Dijkstra mei De fal fan God
  • Rixt Weiland mei Eigen miening


2004 - sjuryleden: Arjan Hut (skriuwer en redakteur Doar), Ernst Bruinsma (redakteur De Moanne), Baukje Wytsma (skriuwster), Wieberen Peenstra en Aafke van der Hem (beide lid fan de jeugdrie fan de gemeente Littenseradeel).

Priiswinners poëzij:

  • Berber Spliethof mei Op reis
  • Katynke van der Vliet mei Myn gedicht fart oer de see
  • Antsje van der Zee mei Dy simmer

Priiswinners proaza:

  • Evelyn Bosma mei Anna
  • Nathalie Oliveiro mei Nea wer
  • Rixt Weiland mei Remco