Afûk Jongereinpriis

De Afûk Jongerein-priis wie in jierlikse priisfraach, dy’t yn septimber 1993 foar de earste kear útskreaun waard troch de Rie fan de Fryske Beweging en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy wie ornearre as de bekroaning fan wurk fan jong Frysk talint, net âlder as 27 jier. De priis is nei 1994 net mear útrikt.

 

De priiswinners wiene:

Jier Skriuwer Wurk priis
1993 Lokje Hoekstra Under de linebeammen earste
  Albertina Soepboer Seereis twadde
  Jaap Krol It forlof. Foto 1916 (seis gedichten) tredde
  Eelco Salverda De kar

fjirde

1994 Eelco Salverda Tusken de muorren earste