Fryske Foarlêskampioen

Foar de trije heechste groepen fan it basisûnderwiis yn Fryslân wurdt in Foarlêswedstriid holden, ôfwikseljend mei de Berne- en jeugdboekesjuery. De winner wurdt útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen. De priis is in sulveren spjeld. De Fryske Foarlêswedstriid is in inisjatyf fan de wurkgroep Basisûnderwiis fan it jierlikse Fertel- en Foarlêsfestival (FFF).

Foarlêskampioenen  

  • 2007
    Harmen Schiphof (groep 8) fan de Martenaskoalle yn Bitgummole mei in ferhaal fan Auck Peanstra: De hûn en it hok, út Kening Aap
  • 2008
    Ytsje Veenema (groep 7) fan It Harspit yn Ternaard mei it titelferhaal út Keutels by de kofje fan Auck Peanstra
  • 2009
    Rixt Oving (groep 6) fan De Frissel yn Feanwâlden mei it ferhaal Swimme, út de bondel Frjemde kluchten fan Auck Peanstra
  • 2011
    Marije Kok (groep 7) fan De Bron yn Dokkum mei it ferhaal Reedride út de bondel Lytse man fan Eppie Dam
  • 2013
    Emma Jansma (groep 7) fan De Wyngerd yn Drachtster Kompenije mei in fragmint út it ferhaal Mûske myn famke fan Lida Dykstra
  • 2014
    Joëlle van der Hoek (groep 8) fan It Skriuwboerd yn Surhústerfean mei it ferhaal Stelle út de bondel Boel op stelten fan Auck Peanstra
  • 2015
    Ylse Barkmeijer (groep 8) fan de IBS yn Akkrum mei in haadstik út it boek In nije heit fan Thys Wadman.