Junior Relypriis

De Junior Rely is in literatuerpriis dy’t takend wurdt oan jongeren tusken de 12 en 18 jier foar de bêste Frysktalige literêre tekst. De priis wie in inisjatyf fan de Afûk en it ynternettydskrift Doar. De priis is yn 2004 ynsteld by gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan de ferneamde Rely Jorritsmapriis. It prizejild foar de Junior Rely is € 750,-. De winners fan de Junior Rely wurde bepaald troch in faksjuery.

Lees meer: Junior Relypriis

Simke Kloostermanpriis

De Simke Kloostermanpriis is in ûnderskieding foar it bêste Fryske berneboek oer in perioade fan trije jier.Simke Kloosterman (1876 - 1938) wie sels in ferneamd skriuwster en hja hat inkeld ek wolris foar bern skreaun, it meast mearkes. Dat wie yn dy tiid net sa gewoan. Nei har ferstjerren is op har fersyk jild yn in fûns ûnderbrocht. Ut dat fûns wurdt  sûnt 1983 ien kear yn de trije jier in bedrach beskikber steld foar de skriuwer, dy't neffens in deskundige sjuery foar de priis yn de beneaming komt.

Lees meer: Simke Kloostermanpriis

Fryske Berneboekesjuery

Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset ûnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjeld fertsjinnet.

Lees meer: Fryske Berneboekesjuery

Fryske Foarlêskampioen

Foar de trije heechste groepen fan it basisûnderwiis yn Fryslân wurdt in Foarlêswedstriid holden, ôfwikseljend mei de Berne- en jeugdboekesjuery. De winner wurdt útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen. De priis is in sulveren spjeld. De Fryske Foarlêswedstriid is in inisjatyf fan de wurkgroep Basisûnderwiis fan it jierlikse Fertel- en Foarlêsfestival (FFF).

Lees meer: Fryske Foarlêskampioen

Ibby Honourlist

De International Board on Books for Young People (Ibby) is in ynternasjonale organisaasje mei as wichtichste doel it befoarderjen fan it lêzen en de fersprieding fan berne- en jeugdliteratuer oer de hiele wrâld. Ibby jout ien kear yn de twa jier in Honourlist (earelist) út, in seleksje fan kwalitatyf útsûnderlike berne- en jeugdboeken, publisearre yn mear as santich lannen dy’t by Ibby oansletten binne.

Lees meer: Ibby Honourlist

Afûk Jongereinpriis

De Afûk Jongerein-priis wie in jierlikse priisfraach, dy’t yn septimber 1993 foar de earste kear útskreaun waard troch de Rie fan de Fryske Beweging en de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy wie ornearre as de bekroaning fan wurk fan jong Frysk talint, net âlder as 27 jier. De priis is nei 1994 net mear útrikt.

Lees meer: Afûk Jongereinpriis

Berneboekepriisfraach

De Fryske Boekeklub KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek) skreau fan 1958 oant en mei 1990 in jierlikse Berneboekepriisfraach út. Dêr wie in jildpriis oan ferbûn en/of de KFFB joech it bekroane wurk sels út.

Lees meer: Berneboekepriisfraach