10 dagen foarlêze

Nasjonale Foarlêsdagen 2013
23 jannewaris oant en mei 2 febrewaris


It is foar elk dúdlik dat foarlêze oan bern tige wichtich is. It stipet de fantasij, ûntwikkelet it taalgefoel en bern genietsje derfan. Spesjaal foar jonge bern wurde dêrom alle jierren ein jannewaris/begjin febrewaris de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre. Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Sa wurde lytskes aansen grutte lêzers.

De doelgroep binne bern tusken in heal oant seis jier. Der wurdt benammen omtinken jûn oan pjutten dy’t nei in pjutteboartersplak of in bernedeiferbliuw ta geane en beukers út de ûnderbou fan de basisskoallen. Mar it foarlêzen oan âldere bern is likegoed wichtich.

Stichting It Fryske Berneboek hat dêrom foar de Foarlêsdagen

Fjouwer dappere mûskes
Eppie Dam (tekst)
Gerrit Terpstra (yllustraasjes)

útkeazen ta
Frysk printeboek fan it jier 2013
Geskikt foar bern fan trije oant 8 jier

 

Foar âldere bern binne ferhalen opnaam dy’t downloaden wurde kinne út it boek

De Kening fan Juster
fan skriuwer/yllustrator Paul van Dijk






Nasjonale Gedichtedei 2013

De Nasjonale Gedichtedei falt op 31 jannewaris, midden yn de Foarlêsdagen.
It tema is Muzyk.
Dêrom wurdt omtinken jûn oan bernegedichten en berneferskes, ûnder oaren út de bondel Snot en triennen fan Baukje Wytsma