In momint fan rêst en yntimiteit

De Nasjonale Foarlêsdagen 2017 binne fan 25 jannewaris oant en mei 4 febrewaris

Elk wit dat foarlêzen tige wichtich is.
Dêrom wurde alle jierren, ein jannewaris/begjin febrewaris, spesjaal foar jonge bern de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre. Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Sa wurde de lytskes skylk grutte lêzers.
Foarlêze is alle dagen opnij in feest! Dat kin in fêst ritueel wêze foar’t de bern op bêd geane mar oerdei kin it ek in gesellich en yntym momint opsmite. Op it pjutteboartersplak/yn de berne-opfang bart dat faak yn in smûk hoekje of meielkoar yn ’e kring. Op skoalle bygelyks ûnder it fruititen of yn in spesjaal fertelkertierke. Meielkoar in printeboek besjen of lêze en der wurde oantinkens foar it libben makke. Boppedat hat foarlêzen in posityf effekt op wurdskat, stavering en tekstbegryp.

Hjir in tal tips om it measte út dat spesjale foarlêskertierke te heljen.

-          Meitsje in moai foarlêsplakje:

  • In spesjale fertel stoel
  • Ferteltinte
  • fertelhoeke

-         Elke dei in stikje foarlêze út in boek
-         Alle dagen in oar bern foarlêze litte
-         In skriuwer op skoalle komme litte en foarlêze litte.
-         In stikje út in ferhaal nei spylje litte.
-         Ferteltafel meitsje mei materiaal út it boek.
-         Boppebou lêst foar oan de ûnderbou.
-         Noegje heiten, memmen, pakes, beppes út om foar te lêzen
-         Foarlês estafette gr. 8 →gr. 7→ gr. 6 ensfh.
-         Foarlês ûte folgje. ( Nûmers op buorden sette)
-         Tableau vivant
-         Net út in boek foarlêze, spontaan fertelle.
-         Gearwurking sykje mei âldereinhûs of soarchbuorkerij.
-         Guerilla foarlêze. Samar op in plak, byg. Oan winkeljend publyk
-         Gymfoarlêze, yn de ringen, klimrek, op ’e kop stean
-         Beroppen foarlêze.
-         Kies 8 foarlêzers en jou elk in kleurd kaartsjes. Jou de harkers ek in kleurd kaartsjes. Sy sykje de   
          foarlêzer mei deselde kleur kaart.
-         Lit de bel in pear kear op in dei liede as teken foar it foarlêzen.
-         Foarlêze yn ’e buorren.
-         Foarlêswike en poëzijdagen kombinearje

Harkboeken fergees yn de Foarlêsdagen

Audiofrysk biedt yn de Nasjonale Foarlêsdagen fergees fjouwer boeken oan!

De Nasjonale Foarlêsdagen duorje noch oant en mei 4 febrewaris. De hiele wike wurdt noch ekstra omtinken jûn oan foarlêzen. En net allinne oan jonge bern. Ek bern dy’t sels al lêze harkje graach nei in ferhaal. Foarlêze is live it moaist, dat wit elk. Mar dat kin net altyd en dan is it foarlêzen troch in skriuwer dy’t fia de lûdsprekker ta je komt in hiele goede twadde. Dêrom jout Audiofrysk yn de Nationale Voorleesdagen/ Nasjonale Foarlêsdagen fjouwer berneboeken kado. Helje se del by Luisterrijk. Dat kin oan 5 febrewaris ta fergees.
It giet om de folgjende titels:
Anny de Jong - It is foar de hearen  
Ep van Hijum - Muoike Klaptút en oare koarte ferhalen
Jelle Bangma - Keatse foar de krânse
Lida Dykstra - De skat fan jonker Jan